FERBINENDE MIENSKIPSPROJEKTEN YN HIEL FRYSLÂN
IIS is it mienskipsprojekt fan Arcadia. Alle projekten fan IIS binne makke troch en/of mei de mienskip, en dat fielst. De ienriedigens, de ferbûnens en de Fryske taal en kultuer binne sichtber, hearber en fielber yn de talleaze foarstellings, ferhalen en multymediale keunststikjes. Belibje se, en kom yn hûndert dagen yn ‘e kunde mei Fryske doarpen, stêden, wiken en iisferienings.
IISBAAN AS SYMBOAL FOAR KLIMAATKRISIS
IIs is wichtich foar de Friezen. Sadree’t it friest, komme de redens út it fet en giet jong en âld it iis op. De talleaze Fryske iisbanen binne dan ek in symboal fan ferbining. Mar tsjintwurdich ek in symboal fan krisis: de ierde waarmet op, it klimaat feroaret en de gesellige doarpske iisbanen wurde de lêste winters faker befolke troch skiep en boartsjende bern, as troch entûsjaste reedriders. Wat kinne wy dêr oan dwaan? Wat wolle wy trochjaan oan de folgjende generaasjes? Of, yn moai Frysk: Hoe kinne wy in goede foarâlder wêze? Dizze fragen steane sintraal by alle projekten fan IIS.
Der binne eksposysjes, foarstellings en kulturele manifestaasjes. Besikers wurde traktearre op bysûndere moetings en weardefolle petearen. Fryslân brûst, fan Bûtenpost oant Aldegea en fan Warkum oant Eastermar.
UNDER WETTER
De ôftraap fan IIS is de foarstelling fan Tryater i.s.m. Ivgi&Greben yn Wergea, in grutskalige bûtenfoarstelling oer winterske dagen. Op in prachtige iisbaan ferbyldzje akteurs, dûnsers, musisy en figuranten it ferhaal fan de famylje Kingma. Under Wetter is in oade oan al dy iisbanen dy’t Fryslân ryk is en dy’t – nettsjinsteane waarmere winters – noch altyd funksjonearje. In foarstelling oer langstme en tradysjes, fol drama én feest.
Participate
Yn gearwurking

It Prins Bernhard Cultuurfonds Fryslân

Keunstwurk

HIt Prins Bernhard Cultuurfonds bringt minsken, wrâlden en ideeën by elkoar om kultuer libje te litten. Tegearre mei it Prins Bernhard Cultuurfonds stipet IIS by it ûntstean fan nije kulturele inisjativen yn de mienskip.