We werken nu aan het programma van Arcadia 2025. Blijf op de hoogte door je in te schrijven voor onze nieuwsbrief!

Oer ús

Arcadia wie in 100-deis kultureel programma dat plakfûn yn ‘e provinsje Fryslân fan 6 maaie oant en mei 14 augustus 2022. It barren, makke troch Nederlânske en ynternasjonale keunstners, prikele de sinnen mei teäter, dûns, sjongen, fotografy, lêzings, diskusjes, kuierjen, byldzjende keunst, literatuer en poëzij. Wy binne no drok dwaande mei it bouwen oan in nij programma foar 2025!

WÊROM?

De frase it bêste lân fan d’ierde (it bêste lân fan de wrâld) út it Fryske folksliet foarme ynspiraasje foar it ûntstean fan Arcadia. Wy doarre dêr in útropteken én in fraachteken efter te setten. De wrâld is nammentlik feroare, lykas it klimaat en de wize wêrop’t minsken mei elkoar omgeane. Ut ús moaie provinsje wei stelle wy fia keunst en kultuer fragen dy’t gean oer foarâlderskip: ‘Hoe sjocht de wrâld derút dêr’tst yn libje wolst? Wat wolst neilitte oan dyn bern en bernsbern?’ Wy leauwe dat wy mei elkoar soargje kinne foar in moaie(re) wrâld. En keunst stipet ús dêrby: om mei elkoar te praten, om te learen fan elkoar en om mei elkoar de skouders derûnder te setten.

Hoe?

Yn de simmer fan 2022 biede wy hûndert dagen lang in poadium oan makkers en doggers dy’t de wrâld feroarje wolle. Mei in kuierjend bosk yn stedske strjitten, drama’s op de Fryske kliffen, keunstwurken yn it park, dûnsers yn ferlitten loadsen en muzyk op it Waad. Somtiden gruts en meislepend, soms lyts en yntym. Faak fergees, út en troch betelle. Foar de hiele húshâlding, of krekt in belibbing foar dy allinnne.

Hoofdpartner Arcadia