Arcadia is volop in beweging, ook tijdens de voorbereidingen voor Arcadia 2025. Meld je aan voor onze nieuwsbrief en blijf op de hoogte!

MOVE22

MOVE22

MOVE stiet foar My Open Village, in ferfolch op Sjoerd Litjens’ iepen doarp. Yn it Fryske doarp Feanwâldsterwâl moetsje fjirtich jongelju út acht Europeeske doarpen elkoar om elkoars doarpen en libbens kennen te learen en de takomst fan jongerein yn doarpen yn Europa te ûndersykjen.

Lokaasje: Feanwâldsterwâl Data: 30 juny oant en mei 10 july 2022


Want doarpen yn lannen lykas Noarwegen, Servië, Ierlân en Portugal lykje nochal te ferskillen fan elkoar. Tagelyk binne der in soad oerienkomsten: de stêd lonket, it klimaat feroaret, de wrâld globalisearret, it libben giet rapper en tradysjes ferdwine. Wat binne de grutste bedrigings foar doarpen en wat is der nedich om se leefber te hâlden? De jongerein giet mei elkoar en mei de Fryske mienskip op ‘e syk nei it antwurd.

Fjouwer keunstners út ferskillende keunstsjenres helpe de ideeën en befinings fan de jongerein stal te jaan. Se lizze it petear fêst yn in eksposysje foar Arcadia, dy’t útnûget om fierder te praten.

Troch

Stichting Bewegend Beeld (Guido Bosua) stipe troch Sjoerd Litjens

Tegearre mei:

Keunstwurk (Gerda Roorda) RUG – Campus Fryslân (Meghan Muldoon) Praputnjak Cultural Landscape (Krooasje) Stuba (Litouwen) Eustachia (Servje) en jongeren út Noarwegen, Grikelân, Ierlân en Portugal

Hoofdpartner Arcadia