100 dagen programma

Lees de verhalen van Oerbosk fan de Takomst

Lees de verhalen van Oerbosk fan de Takomst

Yntro

Minsken freechje my: “Hoe komst derby om soks te betinken?” Ik wit it net. Myn hiele libben ha ik al allegear bylden en meitsje ik plannen. Guont sitte der al jierren, binne groeit yn myn holle. Oaren ploppe samar op en gean net wer fuort. Ik bin yn in fase fan myn libben dat ik oan it oprûmjen bin. Wat is fan wearde, wat wol ik hâlde en wat kin fuort. Sa ek yn myn holle.

Doe’t Arcadia mei de fraach kaam fan “wat wolle jim (keunstners) neilitte yn dizze wrâld?”, doe tocht ik “wat fan wearde”. Eat dat de wrâld in stikje moaier makket. Eat der’t kommende generaasjes ek noch wat oan ha. Gjin dingen (wy hawwe genoch rommel), ek myn skilderijen net, mar ik kriege it byld fan ús lânskip.

De minsken hawwe in protte stikken makke yn dizze wrâld. Wêr’t wy wenje is amper noch Natuer. Wat der al is, is troch minsken makke en dus Kultuer. De bosken, de marren, de greiden en dykswâllen binne allegear troch minsken makke of fermakke. Troch de ieuwen hinne hawwe minsken dy Nateur oanpast oan eigen ferlet. Heger makke, leger makke, droeger, wieter, rjochter, platter makke. De minske hat de natuer yn besit nommen as hie er dêr rjocht op. Steatsbosbehear en konsorten doggen harren bêst mei geweldich moaie projekten, dêr’t de Natuer wer in kâns krijt, mar yn Fryslân giet ús natuerbelibbing yn earste ynstânsje oer Kultuer.

Dat is foar my as byldzjend keunstner in kâns om wat te dwaan. De feroaring fan it klimaat twingt ús ta besinning. Nij grien is gjin kar mear, gjin lúkse. It is suver needsaak. En as’t dan dochs wat dwaan wolst, doch it dan goed en doch it ek moai. Meitsje der in keunstwurk fan: in stikje Lânskipskeunst.

En dêr kaam de pop-up. Wy libje yn in oerlânskip, makke troch it IIS fan de foarlêste Iistiid. De pingo’s en de keiliem tsjûgje dêrfan. Doe’t der dan in waarmere perioade kaam, ûntstienen der mingde oerwâlden. Dy soargen foar in matich klimaat dêr’t wy goed libjen koene. No binne dy bosken fuort en sitte wy, saffolle jierren letter wer in opwaarmperioade. Wy hawwe no ferlet fan dizze oerbosken en dêrom moatte wy beammen plantsje wêr’t it kin.

Myn Oerbosken fan de Takomst krije in ek in moaie foarm. Se binne net rjochthoekich as produksjebosken en ek gjin woestenijen fan túch en rommel. Myn boskjes wurde oanlein yn in organyske Oerfoarm sa as bygelyks in Fibonacci spiraal as in Gulden Snede. Sy krije ek in spesjale Oerfunksje: de boskjes krije in rituele bestimming.

Rituelen hearre fan âlds by minsken. Alle Oerfolken hawwe se. Rituelen hawwe altiid mei de sirkel fan it libben te krijen. It sit in ús natuer en de útering is ek faaks yn de Natuer. Stiennen wurde faaks brûkt om in plak te markearje as binne elemint fan it ritueel. Yn ús Fryslân wiene dat dus balstiennen dy’t hjir yn de grûn “waaksje”.

De kommende moannen sil ik no en dan in ferhaal publisearje oer de boskjes, harren foarm, funksje en myn ideeën derby. Ik meitsje brûk fan wittenskiplik ûndersyk, folksferhalen en allerhande studzjes fan mysels en oaren. Dat stiet der dan fansels ek by.

Genietsje fan it lêzen en as jim fragen hawwe, dan hear ik it wol.

Hetty Combs
Bûtenpost Simmermoane 2023

1. It Betinkstboskje

It is no trije jier ferlien dat my leafste ferstoar. Hy wie 62 jier en woe byset wurde op it hôf fan syn berteplak Twizel. In prachtig hôf dêr’t ek myn plak al reservearre is. It moaiste fyn ik de âlde beammen mei harren symboalyske betsjutting. De âlde treur- as rouboeken en de grutte taksuspylders. De beammen jouwe in plechtiche sfear. Se treurje as it wie mei dy mei en soargje foar in natuerlik ûnderdak foar fertriet. De deaden wurde beskerme troch harren blêden. De fûgels sjonge treastlike lieten foar harren en ek foar de libjenden.

Ik haw altiid wat muoite mei it stikje griene gers dat as ferstruiplak tsjinnet. Ik fyn it keal en ûngemaklik dat dêr sa folle minsken troch mekoar en oer elkoar hinne lizze. Ik wit net wêr ik rinne moat om myn blomkes del te lizzen as in kearske te brâne.

Yn Fryslân binne in pear natuerbegraafplakken. Dy binne allegearre yn it súden fan de Provinsje. Net yn ús’e Wâlden. Wat soe ik moai wêze as hjir ek soks wêze soe. Net foar my, want ik kom by myn man, mar foar dyjingen dy’t dat wolle. As opsje. Hie dat der foar him west, dan hie der dat fêst en seker ek wolt. Moai yn de natuer, dêr’t de wylde blommen waaksje. Net yn in rigel op in fjild, hoe moai dat ek wêze kin. Mar frij, tusken de fûgels en it beamtegrien. Myn man wie in frij man. No leit der yn de rigel. Dat past eins net. Dus…

In Struibosk. As in Betinkstboskje. Ik sjoch in soarte fan boskpark foar my, mei in moai mingd bosk fan hege beammen en moaie ûndergroei van ferns en houtfioeltsjes. Út en troch in sitsje. Wa soe dêr net lizze wolle?

Letter hearde ik fan in “Bos der Omarming”1 by Alkmaar. In bosk dat spesjaal makke is ta oantinken oan ferstaone bern. Mei fruchtbeammen, in berneboartersplak en picknicktafels. Om mei it hiele gesin by it ferstoarne popke te wêze as op’e jierdie fan in troch sykte as ûngemak ferlern bern tegearre in bakje te dwaan. Foar de broerkes en suskes in plak om tekeningen as oare dingkjes efterlitte te kinne.

Wat binne dêr in protte moaie plakken. Der barre ek noch goeie dingen yn dizze wrâld. Ik soe soks ek meitsje wolle. Yn Twizel, yn Bûtenpost as earne yn ús gemeente Achtkarspelen. As útwreiding op in besteand begraafplak miskien. Ik winskje ús ynwenners sa’n moaie plak ta. As opsje. Wêr soe dat kinne?

Yn myn Oerboskferhael soe soks dan de foarm krije fan it symbaol foar ûneinigens. In trochrinnende oerâlde foarm dy’t in in protte fan âlde kultueren oer de hiele wrâld brûkt waard. By ûs Noardgermaenske broederfolken wurd der faaks as in soarte fan knoopsymboal werjûn2.

1 https://hetbosderomarming.nl/
2 Page, R.I., Runes And Runic Inscriptions, Collected Essays On Anglo-Saxon And Viking Runes, 1998

2. Boer Beernd

Boer Beernd siet achter it stjoer fan de Jeep en Martie fan de tsjerke siet klem tusken ùs yn. Hast in kilometer it lân yn. Earst oer beton mar al gau oer op it sân fan de greide. We rieden by de beamwâllen del en Beernd wiisde ùs de bisûndere wylde roazen dy’t dêr noch groeie. Hy fertelde oer de mange soarten brommels en fan in ko dy’t altyd yn de sleat rinne woe op wei nei de stâl. It wie in hobbelige rit, mar Martie en ik wiene der wat op tared. Ik hie myn learzens oan en Martie in pear fan Beern syn frou. Efter de kikkertpoel wie it noch in stik skean oer. Beernd parkearde de Jeep op in meter as tsien yn it lân. Hjir is’t sei der. In boskje midden yn it lân. In wetterke skitterde tusken de beammen troch.

Wêrom wolst der wat mei dwaan Beern?, frege ik. Hy fûn it in moai projekt sei der en hie genoaten fan myn presintaasje by it bestjoer fan de Herfoarmde tsjerke yn Twizel. Hy hie it mei Tiny, syn frou besprutsen en betocht dat sy der wol romte foar hiene. Mei 157 hektare lân is Beernd ien fan de grutste boeren yn de omkriten. Wy hâlde wol wat fan aparte dingen, sei Beernd.

It grien wie oait in kompensaasjeboskje. De kei kinne der net by en de reeën binne baas. Wy ruonnen mei ùs trijen om it boskje hinne en ik makke wat foto’s. Hege slanke beammen oant yn de Himel. Mosk op it âlde dykje wat seldsum is neffens de boer. De moanne lit him sjen krekt boppe de poel.

Is it dochs net in pingo? Ik bin der net wis fan. Oeral yn dit gebiet binne pingo’s, âlde rûne wetterpartijen, ruïnes fan ea beferzen wetterbronnen út de lêste IIStiid. Allegearre sa’n 15.000 jier âld en hiel djip. Neffens Beernd is it in dobbe, in âld ùtgroeven wetterplak foar de bisten. Noch altiid trouwens: it stikt hjir fan it wyld.

Ik rin der noch wat omhinne. Earne tichtby de wâlskant stekt in stikje lân it wetter yn. Dat soe in moai plak wêze foar in winskeput. Wat soe dat moai wêze as bern hjir harren winsken foar de takomst efterlitte kinne. Opskriuwe op iitber papier en dan yn de put gooie. De winske fertarret mei it papier en de beammen bringe de winsken yn de Himel, as Kosmos. Wat soe dermei barre kinne? Ik fantasearje noch wat troch. In put fan balstiennen sjoch ik foar my, ûnder dy moanne.

It is te fier rinne nei de poel as’t yn Twizel begjinne soest. Oardel kilometer oer jim hiem Beernd. Wat tinkst du derfan? Beern seach in oare moochelikheid fia it Wyldpaed. Oan de ein fan syn lân rint it Wyldpaed. Dat falt ûnder Twizelerheide. Kinst oer oft troch in hikke en dan 700-800 meter rinne troch it lân. De kei dogge neat seit Beernd. Dêr kinst sa by del rinne en se rinne hjir net altyd.

Soe it in beswier wêze as minsken in ein troch it lân rinne moatte? Miskien júst wol moai en tafoegjend tocht ik. As ien in ritueel útfiere wol, mei der der ek wol wat muoite foar dwaan. In stikje troch it lân is net foar eltsenien wei lein, mar in winskeboskje is ek net foar eltsenien fansels. Júst dat stikje rinne makket it krekt wat spannender liket my.

Stel dy foar: do hast in winske. Do skriuwst it heimlik op in stikje papier en fytst dermei hielendal nei it Wyldpaed. Dan parkearst dyn fytske, briefke yn de bûse. Oer de hikke en by de kei del oer it lân. Dan by it dobke nei de winskput. Miskien moat der in polsstok by lizze as in flonderke, betink ik. En dan dyn winske oerjaan oan it Grutte Gehiel. Loslitte en sjen wat derfan komt.

Wy stappe wer yn de Jeep foar it paad werom. Beernd is entosiast oer it Winskboskje. Martie ek. Wy sille sjen. It sil in moai begjin wêze; it earste fan ús Oerboskjes. Alles kin sa bliuwe, wy foegje der allinnich wat oan ta. Úteinlik begjint alles mei in winske.

3. Tredde Oerboskferhaal

Ús foarâlden út de Oertiid hiene sa harren eigen ideeën oer de Skepping. Oer de hiele wrâld hawwe minsken ferhalen trochjûn oer hoe’t ús Ierde ûntstien is en wêr’t de minsken wei komme. Wa’t in bytsje stúdzje makket fan de Oudheid en de âlde kultueren, fynt in soad oerienkomsten yn leauwen. Der wie in grut respekt foar it Libben en Himel en Ierde wiene as in Heit en Mem. Myn eigen foarâlden komme foar in grut part út Noard-Amerika. Se hawwe Keltyske, Noardgermaanske en Native roots. Ik haw altyd in grutte ynteresse hawn yn de skiednis en mythology fan dy folken en wit der ek wol wat fan. As bern hie ik ek in grutte ynteresse yn stiennen: ik hie de bûsen altyd fol mei fynsten. De grutte stiennen bewurke ik mei in hammer sadat ik sjen koe wat der yn sa’n stien siet. Moaie glinsterkes as kleuren. Ik hie in hiele kolleksje.

Letter hearde ik fan it skeppingsferhael fan myn Native foarâlden, de Cherokee út de sùdelike regio’s fan de VS. Harren Skeppingsgod is in frou, Unelahuni. De Ierde is in libbjend wêzen, ek froulik. Yn har jeugd joech se berte oan bergen, rotsen en stiennen. Dat binne harren âldste bern. Dernei joech se berte oan de twilling planten en dieren en doe’t se âlder waard krige se noch in bern: it minskenfolk. Alles makke fan it stof fan de Ierde en de geast fan de Himel. De bern hawwe de taak om harren erfskip te dielen en foar elkoar te soargjen. Harren libben, harren siel is hillich en moat mei respekt behandele wurde. Mei oare wurden, stiennen libje ek. Om’t se de âldste bern binne, binne se ek wiis. Se hawwe in grut oantinken (geheugen) en se witte in soad. It wie net foar neat dat ús God syn wetten troch Mozes op stiennen tafels skriuwe liet.

Ik haw altyd witten fan it ynderlike libben fan stiennen. Yn it easten, wêr’t ik as bern wenne, wiene stienminen en groeven. Dêr seachen wy de fossylen yn de minen. Ús mem hie in kristal yn‘e hûs foar súvering en wy hiene sieraden mei stiennen. Stiennen hawwe in eigen krêft en betsjutting. Kinst it fiele en kinst it brûke.

Om’t se sa lang libje, hawwe stiennen ek in grutte symboalyske wearde foar rituelen dy’t mei de Dea te krijen hawwe. Op ús grêven sette wy stienmarkers, grêfstiennen want foar ús minsken liket it as hawwe dizze âldste bern al it ivich libben.

Oer stiennen binnen ûntelbere boeken skreaun: mineralen, kristallen, edelstenen al dan net magysk en medysk tapaslik. De minerale wrâld bliuwt in mystearje en ik hâld dêrfan. Hjir yn de Wâlden groeie balstiennen út de búk fan Mem Ierde. As in boer oan it ploegjen is, komme se boppe de grûn oan it ljocht. Praktysk sjoen wurde se fan âlds brûkt as boumateriaal, ferhurding en fersterking fan pleatsen, dyken en tsjerken. Foar ús is dat hiel gewoan. It heart derby en in protte minsken hawwe se as markering by de dyk as dekoraasje yn de tún. Stiennen binne sa gewoan, dat we ferjitte hoe spesjaal se ek binne.

Stiennen trotsearje de tiid en hâlde ek ús oantinkens fêst foar folgjende generaasjes. It binne krêftige skepsils en foar ús projekt ûnmisber. Dizze âldere „bruorren en susters“ ferbine ús mei de IIStiid dy’t se brocht fanút it Noarden, mei de Oertiid en ús foarâlden. Se ferbine ús mei de Mem fan alle Libben, de Ierde en it besef dat we goed op har passe moatte.

4. It Geheim fan de Earsten

Mei JW hie ik in petear oer it Projekt. Oer it lânskip, it ûntstean en hoe’t minsken dêr altyd yn wurke ha. JW hie krekt in boek lêzen: Het Geheim van de Eersten troch Hendriëtte Hemmink. It is in raamfertelling rûnom in wittenskiplik ûndersyk, dien troch Emiel Amsterdam. Yn 2016 publisjearre hy in iepenbier wittenskiplik artikel dêroer1 wêryn hy oantoande dat der in ferbân bestiet tusken de namme Hylpen (Hindeloopen) en it stjerrebyld Stienbok (Steenbok). Yn itselde artikel jout hy ek oan dat de plakken Boalsert en Ljouwert ek mei stjerrebylden te meitje ha kinne, mar derfoar hat er noch gjin bewiis fûn. Emiel Amsterdam hâldt him dwaande mei Archeoastronomy. Dizze relatyf nije wittenskip is sterk yn opkomst en docht ûndersyk nei it ferbân fan bouwurken út de âldheid en stjerrebylden. In bekend foarbyld binne de piramides fan Gizeh, dy’t inselde formaasje hawwe as de stjerren yn de gordel fan Orion, it stjerrebyld fan de Boagesjitter. Yn it boek “Het Geheim van de Eersten” leit de skriuwer in relaasje tusken de âlde terpen yn Fryslân en de stjerrebylden. En dat is hielendal net sa gek.

Fan ús foarkristlike foarâlden witte wy dat sy harren eigen (Natuer)leauwen hiene. Krekt as yn alle oare oerfolken fan de wrâld waard harren libben regeard troch natuerferkynsels. En ek hiene se, nei alle betinksten, in foarâlderkultuer mei in libben nei dit ierdse libben yn in oare foarm as diminsje. De Himel mei har sinne, moanne en stjerren wie hiel wichtich. Hast alle bouwurken dy’t wy kinne út de Oertiid, de megalytyske stienformaasjes mar ek de hunebedden yn Drinte, hawwe in konneksje mei de ferskynsels fan it firmamint. De opkomst fan de sinne op de langste as koartste dei, de stjer Sirius en de stjerrebylden lyk as Orion (Bôgesjitter) fine wittenskippers werom yn de konstruksje fan dizze bouwurken. Dat Emiel Amsterdam dus in relaasje ûntduts tusken de âlde terp fan Hylpen en it stjerrebyld Stienbok is net raar. Frjemder is dat wy dat sels net witte.

Ik woe mear witte en skreau Emiel in mailtje. Hy wie entûsjast oer myn reaksje. Yn Fryslân binne net sa folle minsken mei dit soarte fan dingen dwaande tocht hy en yntusken hie der noch folle mear útsocht. It wie in ynspirearende korrespondinsje en it tikkele my oan alle kanten. Ik koe der amper fan sliepe. Myn ferbylding kin gjin grinzen. De stjerren, de terpen, de âlde Friezen, de Wâlden, oerbosken.. In boskje yn de foarm fan in stjerrebyld. Hoe moai soe it wêze as der in Stjerreboskje kaam! Bygelyks yn de foarm fan de Grutte Bear mei de poalstjer. Dy ferdwine hjir nea ûnder de horizon en binne sûnt de âldheid dus al te sjen hjir yn De Wâlden. Ús archeologen hawwe spoaren fûn yn Achtkarspelen fan minsken dy’t hjir 8000 jier ferlyn libben op de hege sânbulten yn it fean. Sa as wy nei boppe, nei de stjerrren sjogge, sa diene sy dat ek. De stjerren ferbine us op’e nij mei harren en allen dy’t noch nei ús komme. Dat is dochs machtich.

Foar myn geasteseach sjoch ik in hûske yn it Stjerrebosk. De nacht is swart, de loft is helder en kâld. Inkeld in ûle dy’t skriemt yn de Mieden. It hûske hat in glêzen dak wêr ûnder in jonge húshâlding nei de stjerren sjocht. “Dêr…..seit de Mem ………dy grutte heldere stjer…..dat is de Poalstjer. Dy wiist de wei nei it Noarden oan”.

1 http://maajournal.com/Issues/2016/Vol16-4/Full50.pdf

Hoofdpartners IIS

Partners IIS