Arcadia is volop in beweging, ook tijdens de voorbereidingen voor Arcadia 2025. Meld je aan voor onze nieuwsbrief en blijf op de hoogte!

PAFFF

PAFFF

It ynternasjonale poadiumkeunstenfestival PAFFF presintearret in fernijend poadiumkeunstenprogram fan bjusterbaarlike ynternasjonale keunstners. Dy hawwe ien ding gemien: se doare de wetten fan it teäter te bediskusjearjen en grinzen te ferlizzen. Se bringe eigenwize, eigensinnige foarstellingen dy’t it teäter fan binnenút iepenbrekke. De ynternasjonaal priizge keunstners Philippe Quesne, Doris Uhlich, Lia Rodrigues, Cia Hiato en Gabriela Da Cunha foarmje dêrby de kearn fan it wiidweidige programma.

Lokaasje: Harmonie Ljouwert Data: 28 maaie oant en met 12 juny 2022


Arcadia en Stadsschouwburg De Harmonie smite foar dit festival de lapen gear om mienskiplik in urgint en fernijend poadiumkeunstenprogram te presintearjen fan beskiedende keunstners fan ynternasjonale alluere. Ravende Rolstuollers dy’t har lichaamlike rjochten opeaskje troch it publyk te konfrontearjen mei foaroardielen. Ferstjitten Fûgelferskrikkers dy’t har mei bernlike oerjefte stoarte op in eko-revolúsje. In dûnsselskip dat stampend en swittend protestearret tsjin in polityk sûnder each foar har befolking. De Froulju út it helde-epos fan Homearus dy’t yn opstân komme tsjin har rol yn de marzje, wachtsjend op de manlike strider.

PAFFF is provosearjend, brutaal en nijsgjirrich. Dit wolst net misse.

Hoofdpartner Arcadia