Arcadia is volop in beweging, ook tijdens de voorbereidingen voor Arcadia 2025. Meld je aan voor onze nieuwsbrief en blijf op de hoogte!

Nije Podcast Ferspraat

12 juni 2021
Nije Podcast Ferspraat

De Fryske literêre wrâld is in podcast riker! Skriuwende tûzenpoat Geart Tichelaar hat “FERSpraat” yn it libben roppen. In podcast wêr’t elke kear in gedicht sintraal stiet dat hy foardraagt en dêrnei mei twa gasten bepraat.

Yn de earste ôflevering pakke se it gedicht ‘Bêd” fan Tseard Bruinja der by. Bruinja wie earder Dongeradichter en is dêrmei in foargonger fan Geart Tichelaar. Dy is nei de gemeentlike weryndieling útroppen ta Dichter fan Noardeast Fryslân.

“Bêd” wurdt bepraat mei dichter Bramses en Anneke Hoogland, de fêste gasten fan de podcast ‘FERSpraat”. It petear is ek eltse saterdei te hearen yn de Weekend NIeuwsshow fan RTV NOF.

Andere berichten deze week

Hoofdpartner Arcadia