Kaartferkeap Beammebern is iepen

Op 16, 17 en 18 septimber kinne jo yn it park fan Workum genietsje fan it muzykteater Beammebern skreaun troch Paul van Dijk. Kaarten kinne kocht wurde fia: Kaarten Oer de foarstelling Yn ‘e Grize Stêd regearre in Kening, in…

1 augustus 2022

Op 16, 17 en 18 septimber kinne jo yn it park fan Workum genietsje fan it muzykteater Beammebern skreaun troch Paul van Dijk. Kaarten kinne kocht wurde fia:

Oer de foarstelling

Yn ‘e Grize Stêd regearre in Kening, in tiran, dy’t alles kontrolearje woe en oeral spionnen hie. De Kening wie baas oer alles, ja werklik alles wat der yn syn ryk barde. Der wiene gjin túnen, der wiene gjin parken, der wie gjin ûnkrûd te bekennen. Toch hie selts de Kening net troch dat der in famke eltse dei oer de stedsmuorre klom om nei de bosk te gean….

In foarstelling fan Brassband Crescendo

Beammebern’ is in muzikaal mearke dat útfierd wurdt troch akteurs en Brassband Crescendo út Warkum. It mearke is bewurke ta muzykteäter en in belibbing foar de hiele húshâlding. It is in cross-over fan teäter en muzyk: de akteurs reagearje op de muzyk en de muzikanten reagearje op de akteurs. De foarstelling wurdt trije kear útfierd yn septimber 2022. It mearke is skreaun troch Paul van Dijk en is Frysktalich. As lokaasje is keazen foar it prachtige park fan Warkum. It tema is de relaasje tusken minske en natuer.

Dit projekt is ûnderdiel fan IIS it Mienskipsprojekt fan Arcadia. IIS is in produksje fan Arcadia en Keunstwurk en wurdt mei mooglik makke troch Provincie Fryslân, Prins Bernhard Cultuurfonds en Univé.

Andere berichten deze week

Hoofdpartner Arcadia