Arcadia is volop in beweging, ook tijdens de voorbereidingen voor Arcadia 2025. Meld je aan voor onze nieuwsbrief en blijf op de hoogte!

PROVINSJE FRYSLÂN FERLEGET BUDGET KULTUERSEKTOR

11 October 2023
PROVINSJE FRYSLÂN FERLEGET BUDGET KULTUERSEKTOR

De provinsje Fryslân hat foar de hiele kultuersektor minder budzjet frijmakke en wy begripe dat dit ek foar ús konsekwinsjes hat. Wy binne fêstbesletten om mei de finansjele middels dy ‘t foar ús beskikber steld binne troch te gean mei dat wat wy it bêste dogge: in ynspirearjend programma meitsje en ferhalen fertelle dy’t impact hawwe, wêrby ‘t wy safolle mooglik minsken belûke en berikke (as iepen mienskip ).

Wy sykje proaktyf nei nije partners en finansieringsmooglikheden. Us projekten binne net inkeld kultureel fan aard, dus dêr lizze kânsen. Dizze nije útdagingen twinge ús ta it meitsjen skerpere karren. Dêr tinke we no oer nei. 

Arcadia is net samar in organisaasje; it is de fuortsetting fan de Europeeske Kulturele Haadstêd Ljouwert Fryslân 2018 (LF2018 ). Wy leauwe yn de krêft fan keunst en kultuer as bynmiddel foar in mienskip. It stimulearjen fan in kreative en fearkrêftige maatskippij dy ‘t mei-inoar siket nei nije oplossingen foar de hjoeddeistige útdagingen yn ús regio. Wy stribje net nei flechtige suksessen, mar nei duorsume wolfeart foar de kommende generaasjes. En dat bliuwe we dwaan. Ek yn Europeesk ferbân.

Andere berichten deze week

Hoofdpartner Arcadia