Popmuzyk as drager fan Fryske taal en skiednis
Utnûging unyk konsert (Nederlands onderaan de pagina)
Wat witte we echt oer ús Fryske skiednis? Hokker ferhalen kenne we en hokker ‘net fertelde‘ ferhalen binne krekt sa wichtich? Hoe bringe we ús skiednis oer oan ús generaasje? Mei dy fragen is ôfrûne jier it projekt Tiidmasine útein setten; in projekt dêr’t popmuzyk de drager foarmet foar it fertellen fan ús skiednis, yn ús taal.
Hoe kinne wy hjir mear mei dwaan? En wat is dêr dan foar nedich?
Graach nûgje wy dy út om op tongersdei 13 april inoar te ynspirearjen oer de mooglikheden fan popmuzyk as drager fan Fryske taal en skiednis.
Keynote en petear
De jûn begjint mei in keynote fan in gastsprekker dy’t wy foarearst geheim hâlde, mar dy’t jim seker net misse wolle. Dizze persoan sil dy net allinich wat fertelle: wy noegje dy út om mei te tinken, om tegearre ta helbere en konkrete antwurden te kommen! Dyn ûnderfining en kreativiteit, tegearre mei de ynspiraasje fan ‘e keynote, kinne op dit mêd prachtige nije kânsen biede.

Albumpresintaasje Tiidmasine
Nei it ynhâldlike debat meitsje we de jûn kompleet mei de presintaasje fan it album fan Tiidmasine. Tsien jonge skriuwers ha tsien ferskillende ferhalen op harren eigen wize ferteld. In spesjaal gearstalde band, ûnder lieding fan Jeroen Seinstra (de Hûnekop), hat dizze ferhalen fertaald yn tsien bysûndere nûmers. It album nimt dy op spesjale wize mei, werom troch de tiid, werom yn ús skiednis. Stipe mei bylden en yntroduksjes oer dizze skiednis.




It programma 13 April
Programma:
19:30 uur Inloop
20:00 uur Start keynote en gesprek
20:15 uur Start albumpresentatie
21:15 uur Einde albumpresentatie
Jou dy no op
We jûgje dy út om hjir by te wêzen om’t we dyn ynbring en tinkkrêft altyd wurdearje. We tinke dat it ús mei elkoar fierder bringe kin yn mooglikheden en kânsen. We hearre graach ast der by bist! Wolsto minsken meinimme nei dit unike konsert? Dat kin! Do kinst dyn famylje, freonen of kollega’s meinimme!
Harkje hjir it album
NL: Popmuziek als drager van Friese taal en geschiedenis
Uitnodiging uniek concert
Wat weten we echt over onze Friese geschiedenis? Welke verhalen kennen we, en welke onvertelde verhalen zijn net zo belangrijk? Hoe brengen we onze geschiedenis over aan onze generatie? Met die vragen is vorig jaar het project Tiidmasine gestart; een project waar popmuziek de drager vormt voor het vertellen van onze geschiedenis, in onze taal.
Hoe kunnen we hier meer mee doen? En wat is er dan voor nodig?
Graag nodigen we jou uit om samen met ons op donderdag 13 april elkaar te inspireren over de mogelijkheden van popmuziek als drager van Friese taal en geschiedenis.
Keynote : inspireren en in gesprek gaan
De avond start met een keynote van een gastspreker die we nog even geheim houden, maar die je zeker niet wilt missen. Maar deze persoon gaat niet alleen iets vertellen: we nodigen jou uit om ook vooral mee te denken, om zo samen tot haalbare en concrete antwoorden te komen! Jouw ervaring en jouw creativiteit kunnen samen met de inspiratie van de keynote zorgen voor prachtige nieuwe kansen op dit gebied.

Albumpresentatie Tiidmasine
Na het inhoudelijk debat maken we de avond compleet met de albumpresentatie van Tiidmasine. Tien jonge schrijvers hebben tien verschillende verhalen op hun eigen manier verteld. Een speciaal samengestelde band, onder leiding van Jeroen Seinstra (De Hûnekop), heeft deze verhalen vertaald in tien bijzondere nummers. Het album neemt je op speciale wijze mee, terug door de tijd, terug in onze geschiedenis. Ondersteund met beelden en introducties over deze geschiedenis.





Het programma 13 April
19:30 uur – Inloop
20:00 uur – Start keynote en gesprek
20:30 uur – Pauze
20:45 uur – Start albumpresentatie
21:45 uur – Einde albumpresentatie
Geef je nu op
We nodigen jou uit om hierbij aanwezig te zijn, omdat we jouw input en denkkracht altijd waarderen. We denken dat het ons samen verder kan brengen, in mogelijkheden en kansen. We horen graag of je er bij bent! Wil je mensen meenemen naar dit unieke concert? Dat kan! Je mag je familie, vrienden of collega’s meenemen!