Arcadia is volop in beweging, ook tijdens de voorbereidingen voor Arcadia 2025. Meld je aan voor onze nieuwsbrief en blijf op de hoogte!

Meitsje gjin spul mei de Súdwest Shankers

12 december 2021
Meitsje gjin spul mei de Súdwest Shankers

0515! Wa skrikt him net rot as ien dat samar yn it wylde wei begjint te roppen. Of better sein, begjint te rappen? Want 0515 stiet net giwoan foar Súdwest-Fryslân, mar ek foar de Súdwest Shankers. Jaja, drillrap út de boaiem fan de provinsje, dus extra extra underground siz mar. 

Mochten je se dit jier mist ha, hjir de kâns om dat keihurd yn te heljen. 

It docht ús yn elts fal tinken oan de begjintiid fan de Frysktalige rap. Hiest fansels lanlike bekendhied Remon. Mar wat net in soad minsken mear wyte is dat MC Dzjurm út de Wâlden de earste Fryske Gangsterrapper wie. 

En no silst wol tinke, pffft, Fryske Gangsterrap. No, MC Dzjerm aka MC Germ waard niis útnoege foar in reunie fan Fryske Rappers mar koe net komme om’t er yn  mear of mindere mate efter slot en grendel sit siz mar. Free MC Dzjerm, besykje dat earst mar ris Súdwest Shankers.

Andere berichten deze week

Hoofdpartner Arcadia