De Fryske skiednis wurdt marzjinalisearre, de ynwenners fan Fryslân hawwe gjin stim en witte amper wat fan de eigen skiednis. Skriuwer Willem Schoorstra ropt de steat én de Friezen op, om it Fryske ferhaal te fertellen. Want ferhalen jouwe it libben wearde. Hy skreaun dizze tekst yn it ramt fan it projekt Tiidmasine.
tekst Willem Schoorstra
Alles draait om ferhalen. Ferhalen binne like fûneminteel foar de minske as iten en drinken. Miskien noch fûneminteler, want iten en drinken hâlde ús yn libben, mar ferhalen jouwe dat libben wearde. Dy meitsje ús ta wa’t wy binne, foarmje ús identiteit troch ús in achtergrûn te jaan, in skiednis. Op dy wize krije wy as yndividu en as mienskip besteansrjocht.
Hoe wichtich soks is, blykt bygelyks út it súkses fan Het verhaal van Nederland, in histoaryske telefyzjesearje fan de NTR fan febrewaris oant april 2022.
Dêryn wurdt it ferhaal ferteld fan it lân dêr’t wy yn wenje, fan it momint ôf dat de earste jeiers-samlers har hjir oantsjinje.
Dat de searje sa’n klapper wie, lit sjen hoe grut it ferlet fan de minske is om te witten wêr’t hy of sy weikomt, wat him of har foarme hat, hoe’t it lânskip ûntstien is. Soks witte skept in identiteit, ien dy’t ús ta in ienheid makket.
Benammen foar Nederlanners is dat wichtich. De Nederlânske identiteit is ommers net eat dat Nederlanners fan nature ha, mar fynt syn basis yn de Nederlânske steat. Dy steat bestiet pas sûnt ein 18de en begjin 19de iuw. Ynstitúsjes lykas it ûnderwiis, de soarch en politike ynstellingen foarmje in fanselssprekkend ramt dêr’t de Nederlânske identiteit yn foarme wurdt. It is noch mar de fraach, sa’t heechlearaar Tony Feitsma dy oait stelde, hoe sterk dy identiteit stiet sûnder de stipe fan de fanselssprekkendheid fan de macht.
Konstruearre Identiteit
Soks ûnderstreket ek noch mar ris de útspraak fan keninginne Máxima, dat de Nederlânske identiteit net bestiet. Dy moast, en moat, konstruearre wurde, sadwaande in fielen fan nasjonalens oproppe troch in ferhaal fan oarloch te fertellen, fan striid, fan helden en útblinkers: alles út ’e kast om op himsels steande foarfallen om te smeien ta in gehiel dat fan foar nei achter in doel tsjinnet.
Sintraal yn dit essay stiet de fraach:
‘Hoe kin it dat Friezen sa’n bytsje, of sels hielendal neat, fan de eigen skiednis witte?
Spilet opfieding dêr in rol yn, it ûnderwiis faaks? Hat it te meitsjen mei it ferkringen fan de taal, it Frysk, dat yn amtlike en bestjoerlike rûnten yn de midsiuwen troch it Nederdútsk ferfongen waard?’
Doe’t de Steat der Nederlannen yn 2005 de Friezen as folk en nasjonale minderheid erkende, wie dat in bysûnder momint. Dêrmei waard oanjûn dat it plak dat Fryslân en har ynwenners ynnimme oars is as dat fan oare gewesten. Dochs hat sa’n erkenning twa kanten. Want wat is krekt in minderheid? Wat en wa bepaalt hoe’t minderheden presintearre wurde yn de skiedskriuwing fan in lân, yn it ferhaal fan de moderne maatskippij?
Negative konnotaasjes
Hoe’t je it ek draaie of keare: it begryp minderheid hat inkeld negative konnotaasjes. De Latynske woartel fan it wurd is minor: minder, lyts of ynferieur, dêr’t de Latynske woartel fan mearderheid major is: grut, wichtich, superieur.
Yn de byldfoarming spilet soks ûnmiskenber in rol. In minderheid yn in naasjesteat is kwetsber yn relaasje ta in machtige en legitime mearderheid. Foar’t wy dêrop trochgean, moat de fraach wat in minderheid is en wa’t dat bepaalt beäntwurde wurde. Yn ’e praktyk blykt dat noch net ienfâldich te wêzen. De meast brûkte definysje is lykwols dy fan in kommisje fan de Feriene Naasjes:
A group numerically inferior to the rest of the population of a state, whose members – being nationals of the state – possess ethnic, religious or linguistic characteristics differing from those of the rest of the population and show, if only implicitly, a sense of solidarity, directed towards preserving their culture, traditions, religion or language.
Oan ’e hân fan boppesteande definysje binne de Friezen yndie in minderheid, en as sadanich troch de steat erkend. De mearderheid sjocht de Friezen as in minderheid, de Friezen sjogge harsels ek as in aparte groep binnen de lânsgrinzen. Oant safier is alles dúdlik.
De rjochten fan minderheden waarden troch de ynternasjonale mienskip fêstlein, en yn 1980 ta in yntegraal part fan de Universele Ferklearring fan de Rjochten fan de Minske makke. Dat lêste wie in wichtige stap. It hie nammentlik bliken dien dat it dêrfoar mei de rjochten fan de minderheden net sa nau naam waard. Yn ’t generaal wie der sprake fan ekonomyske achterstelling, diskriminaasje, in negative assimilaasjepolityk en it oars wêzen fan de minderheid as in bedriging foar de ienheid fan de naasjesteat sjen.
Gjin part fan nasjonale ferhaal
In foarbyld fan assimilaasje-polityk wie it sa goed as ferdwine litten fan de skiednis fan sa’n minderheid. Harren ferhaal ferdwûn út it nasjonaal ferhaal of waard marzjinalisearre. It ferhaal fan de minderheid waard as yrrelevant sjoen, as net neffens de noarm en as ûnwinsklik yn de foarming en konsolidaasje fan de nasjonale steat. Sels oarspronklike bewenners fan ferskillende lannen waarden (wurde) net sjoen as ûnderdiel fan it nasjonale aventoer. Tink bygelyks oan de lânseigen befolking fan Australië, fan Amearika en oan de Sami fan it noardlik healrûn.
Sadwaande is ek de fraach beäntwurde: wat en wa bepaalt hoe’t minderheden presintearre wurde yn de skiedskriuwing fan in lân? Dat is de naasjesteat. Dat binne de minsken dy’t hannen en fuotten jouwe oan it ûnderwiis, oan politike en maatskiplike ynstellingen.
It is de fanselssprekkendheid fan de macht, dy’t útmakket oft der in ferhaal fan Fryslân yn it ferhaal fan Nederlân past.
Om út te finen hoe’t dat sit, moatte wy nei de metoades sjen dy’t yn it lanlik skiednisûnderwiis brûkt wurde. Idealiter soe de histoarje fan Fryslân dêr rom yn behannele wurde moatte.
It stiet skoallen frij om op tiidrekken en foarfallen yn te zoomen, mar yn de basisstof dy’t oanbean wurdt is it ferhaal fan Fryslân net werom te finen. Yn de dokudramasearje fan de NTR wie it omtinken foar de rol fan Fryslân like minimaal en, bewust of net, inkeld negatyf.
It hat derfan dat it foarbyld fan assimilaasje-polityk ek foar de nasjonale minderheid fan Nederlân jildt: Fryske skiednis wurdt marzjinalisearre, de ynwenners ha gjin stim en binne amper sichtber.
Minderheid as bedriging
Wat de noed foar de oantaasting fan de naasjesteat oangiet, moatte wy nei de beruchte Kneppelfreed sjen. De rebûlje dy’t ûntstie, wie reden foar it regear om op it heechste nivo stappen te setten en Fryslân yn ’e mjitte te kommen: sa grut wie de eangst foar ‘Yndonesyske tastannen’. Kneppelfreed makke dúdlik dat Fryslân as in potinsjele faktor foar nasjonale ynstabilens sjoen waard. De minderheid as bedriging. By sa’n fêststelling kin men jin yntinke dat dy konsekwinsjes hat.
Op in oar nivo is de ôfwêzigens fan it Fryske oanpart yn de skiednis ek opfallend te neamen. Yn Archeon bygelyks, yn Alphen aan den Rijn, wurdt op in nijsgjirrige wize de skiednis fan Nederlân ferbylde. Fia de prehistoarje en de Romeinske tiid makket Archeon in sprong nei de saneamde Vikingtiid. Doarestêd, it grutste hannelsplak fan de sande en achtste iuw yn Noardwest-Europa, wurdt werjûn yn it jier 801 CE.
Hoewol’t dat plak tige wichtich west hat yn de perioade fan Magna Frisia, wurdt der net in wurd oan Fryslân en de Friezen bestege. Neffens in buordsje is Doarestêd it haadplak fan ‘de lage landen’. Datselde jildt foar Museum Dorestad yn Wijk bij Duurstede: gjin ferwizing nei de Fryske identiteit fan it plak. It Rijksmuseum van Oudheden, it RMO yn Leiden, kin dêr oan taheakke wurde.
Besteansrjocht fan in mienskip
Ferhalen meitsje ús ta wa’t wy binne, foarmje ús identiteit troch ús in achtergrûn te jaan, in skiednis, in histoarje. Op dy wize krijt in mienskip besteansrjocht. As men jins histoarje net ken, is men in blêd dat net beseft dat it part fan in beam is. As sokke ferhalen deaswijd wurde, sil in mienskip net mear witte dat se bestiet.
It sil dúdlik wêze dat de steat mei ferantwurdlik is foar de sichtberens en it wolwêzen fan de Friezen as minderheid. Nederlân is derta ferplichte om politike en sosjale kondysjes te skeppen, dêr’t minderheid en mearderheid op mienskiplike basis yn ta harren rjocht komme kinne.
Gearfetsjend: it konstruearjen fan in nasjonale identiteit liket ta skea fan Fryslân gien te wêzen.
De steat sjit tekoart yn de opdracht dy’t er hat om ta in lykwichtige, earlike en yntegrearre maatskippij te kommen.
Dat fêststeld hawwende: hoe sit it mei Fryslân en de Friezen sels? Hoefolle enerzjy stekke wy sels yn it trochjaan fan de ferhalen dy’t ús identiteit foarme ha?
Us heit fertelde gauris hoe’t er as jonkje fan in jier of 9 op in sneontemiddei Fryske les krige. Wy ha it oer ein 1920. It koste 10 sint, en de master dy’t it joech die dat yn syn frije tiid (sneontemoarns giene de bern noch gewoan nei skoalle). Behalve de taal krige ús heit sa ek de eigen skiednis mei.
In typearjend foarbyld. Want ek tsjinwurdich hinget it trochjaan fan dy skiednis fan in pear leararen ôf, minsken mei in grut hert foar de kulturele identiteit fan Fryslân en in skerp each foar de rykdom fan ferskaat. De swakke kulturele identiteit fan Fryslân wurdt dus mei feroarsake troch skraal ûnderwiis wat de Fryske histoarje oangiet.
Histoaryske mienskippen lykas de Fryske, binne sels lyksa ferantwurdlik foar it foarmjen fan de eigen kulturele identiteit. As je by it ferstriken fan de tiid in konstante faktor behâlde wolle, moatte je beskikke oer in nukleus fan oantinkens dy’t oantsjutte wêr’t je weikomme en hoe’t je wurden binne wat je binne. Sa besjoen falt identiteit gear mei ûnthâld. Das Wesen ist das Gewesene. It ferline is altyd oanwêzich yn it no. It besef dêrfan is ien ding, de needsaak om it oandacht te jaan in twadden.
It latinte gefoel fan bestindigens dat eltse kultuer hat, giet oars lykop mei de eask fan fernijing. De eigen identiteit is ferheljend fan karakter en ferbûn mei it kollektive ûnthâld: elts folk komt derachter dat sy yn wêzen in ‘ferbylde mienskip’ is, in narrative konstruksje dy’t alle kearen net allinne befêstige, mar ek op ’e nij útfûn wurde moat.
De fokus fan dit essay leit op de swakke kulturele identiteit fan Fryslân, op it gegeven dat Fryslân en har ynwenners amper wat fan de eigen skiednis witte. Hoewol’t it multykultureel aspekt fan de maatskippij dêrbûten falt, wolle wy derop wize dat de fêststellingen fan datoangeande foar alle minderheden jilde. It ferhaal fan de Molukkers heart krekt sa’n ûnderdiel fan it ferhaal fan Nederlân te wêzen as it Fryske oanpart.
De erkenning fan de rol fan minderheden yn de nasjonale skiednis is wichtich foar it befoarderjen fan in yntegrearre maatskippij. It karakter dêrfan is ommers hybride, en hat dat altyd west.
Fryske oanpart romte jaan
It Fryske narratyf bestiet net yn it ferhaal fan Nederlân. Bewust of net: dat is in omissy fan de steat. Dy moat syn ôfspraken neikomme. Net allinne op it mêd fan de taal, mar benammen ek oer de rol fan Fryslân yn de skiednis. Dy moat in yntegraal part fan it nasjonale skiednisûnderwiis wurde. De steat kin musea stimulearje om it Fryske oanpart de romte te jaan dy’t it ha moat, yn it ramt fan de heterogeniteit en de diversiteit fan Nederlân.
Wat ússels oangiet: wy sille folle mear enerzjy stekke moatte yn it trochjaan fan ús ferhaal. Dat begjint thús. Wat jouwe âlden de bern mei, as it oer taal en kultuer giet? Hoe’n rol spylje dy yn it húshâlden? Dy fragen jilde ek foar de skoallen. Dêr komme de politike en maatskiplike ynstellingen achteroan. Hoe yntegrearre en ynklusyf wolle dy wêze? De hiele mienskip sil him ynspanne moatte om it ferhaal fan Fryslân te fertellen, yn alle foarmen dy’t je betinke kinne. In âld en ivich feroarjend ferhaal. Dêr’t wy no mei begjinne kinne.