Arcadia is volop in beweging, ook tijdens de voorbereidingen voor Arcadia 2025. Meld je aan voor onze nieuwsbrief en blijf op de hoogte!

IEPEN CALL: FRYSKE LIETTEKSTEN

20 mei 2022
IEPEN CALL: FRYSKE LIETTEKSTEN

Tiidmasine is it lieteprojekt oer de Fryske skiednis fan Arcadia, dat útfiert wurdt troch Jeroen Seinstra (gitarist en komponist fan de Hûnekop) en Theo van der Veer (Audiosport Records, Veer Agency) en Keunstwurk.

En jim!

Foar Tiidmasine wurde ferskes makke dy fertelle oer de Fryske skiednis sjoen troch de eagen fan de gewoane man en frou út dy tiid. Net allinnich wol Tiidmasine moaie ferskes meitsje, in album útjaan en in liveshow ûntwikkelje mar just ek mear omtinken jaan oan dy Fryske skiednis. Want witte Friezen eins wol genôch oer harren ferline, genôch om ek nei de takomst te sjen. Of hâldt it op by Magna Frisia, Grutte Pier en de moard op Bonifatius?

Wy ha jimme nedich, tekstskriuwers, dichters, ferhalefertellers. Skriuwst yn it Frysk of in Fryske streektaal, doch dan mei mei TIidmasine. Wy sykje tekstskriuwers dy dat ferhaal fan dy gewoane man of frou út in bepaalde perioade út de skiednis wei fertelle wol. 

Wy ha in tal perioades útsocht, mar in eigen ferhaal út in oare histoaryske perioade mei seker ek. Lyk as in lokaal histoarysk ferhaal út in doarp of in streek wei. It hoege net alomfêtsjende ferhalen te wêzen dy yn ien tekst de hiele histoaryske perioade beflappe.

Dus sjoch op it oanmeldformulyr foar de perioades, lit it yn dy omgean en skriuw! De teksten dy útsocht wurde sille in ferske wurde op it album fan Tiidmasine, mei de beleanning dy dêr by heart fansels. Dus wolsto dyn tekst op plaat en poadium ha, tink, skriuw en doch mei!

Andere berichten deze week

Hoofdpartner Arcadia