Arcadia is volop in beweging, ook tijdens de voorbereidingen voor Arcadia 2025. Meld je aan voor onze nieuwsbrief en blijf op de hoogte!

Hindirk Hannema is Hot!

28 januari 2022
Hindirk Hannema is Hot!

De Fryske dichter Hindirk Hannema giet as in spear. Of it no prizen, performances of útjeften binne, se tûmelje oerinoar. Tiid om dit poëtysk fenomeen it trijedielich pak fan it liif te freegjen.

Hindirk, it giet goed mei dyn dichterskarriere, wat hast de lêste tiid allegear wol net wûn of dien?

Ferline jier die ik mei oan in gedichtewedstriid oer de leafde. Myn gedicht ‘Femme de fitness’ hat dy wûn. Ik stie op 3 Poetry Slams; Ljouwert, Utert en it NK Poetry Slam, ek yn Utert. De Ljouwerter Poetry Slam ha ik wûn, op it NK wie ik lêste. Mar dochs sjoch ik ek dat as in grutte oerwinning. Lêste op it NK betsjut datst 11e bist fan Nederlân. Ik tink dat der in soad dichters ruilje wollen hiene mei sa ’n moai plak. De winner fan 2021 die in jier earder ek mei. Dus wa wit!

Hoe soesto sels dyn poesije omskriuwe?

Ik neam myn poëzy ek wol ‘tapaste poëzy’. Poëzy dêr ’t je wat mei kinne. Ik fyn in hiel soad tradisjonele poëzy sa ûnhandich. It is net funksjoneel. Mei myn poëzy kinst de hiele wrâld feroverje, al moat ik dat noch wol bewize, mar de teory is der. It sjenre fan myn poëzy neam ik ‘hardcore fantasy’. Fantasy mei in hurde kearn fan wierheid. Mar de grins dêrtusken is foar elkenien in persoanlike ynterpretaasje. Yn myn poëzy wurdt nea dúdlik oft ik it serieus mien of dat ik in grap meitsje, oft ik geniaal bin of gek. Dêrom doar ik myn poëzije ek grinsferlizzend te neamen.

Hoe giesto te wurk, giest der echt foar sitten?

Nee, hast nea. Ik wurkje wol yn opdracht, mar dan bart it ek faak spontaan, de ynspiraasje. Hoe mear ast it dochst, hoe makliker it wurdt. Ik bin as skriuwer hjir ek yn groeid. Op in gegeven momint krije je hieltyd mear selsbetrouwen yn it kreëarjen. Dat jo derop fertrouwe kinne dat ‘it komt’. It is in kwestje fan in soad dwaan. Skriuwen is ek in state of mind dy ’t je berikke moatte. Oanlis helpt, mar ek oefening baret keunst.

Is dyn presintaasje like wichtich as de wurden of rinst altiten yn pak?

Ik draach allinnich in pak foar myn performance. It idee is ûntstien yn 2019. Ik woe in statement meitsje. Myn performance wie doe noch hiel stiif, mar wol mei housemuzyk en hiele wrede teksten. Ik woe it kontrast ferheegje. Hiele moderne muzyk, mar wol strak yn pak. Dat set minsken op it ferkearde paad. Ek de wrede teksten fan ien dy ’t der sa kreas by rint, soest net ferwachtsje. De teksten binne noch hieltyd wreed, de muzyk ek, soms ek klassyk, mar iksels bin folle losser en ûntspannen wurden op it poadium. It pak is bleaun. 

Sa gau as de corona wer foarby is, wêr kin wy dy dan oan it wurk sjen?

Ik haw al 10 optredens foar it earste healjier fan 2022 op ‘e aginda stean en hooplik 2 bondelpresintaasjes; ‘Myn mem is noch faam’, myn debút dichtbondel en hooplik de ‘Pauper bondel’ fan Pauper Poëzie. Beide bondels binne no al te krijen! De 8 optredens yn Fryslân binne as folget yn

2022-01-29 Drachten, Café Marktzicht, poëziemiddei/jûn fan Erik de Boer

2022-02-04 Dokkum, De iisherberch, De grutte gedichtejûn fan Ensafh

2022-02-26 Drachten, Café Marktzicht, poëziemiddei/jûn fan Erik de Boer 

2022-03-12 Ljouwert, Poetry Circle Session 57 mei Amsterdam

2022-03-19 Drachten, Café Marktzicht, poëziemiddei/jûn fan Erik de Boer 

2022-04-23 Ljouwert, Poetry Circle Session 63 mei Eindhoven

2022-05-28 Drachten, Café Marktzicht, poëziemiddei/jûn fan Erik de Boer 

2022-06-21 Bakkefean, Zingevingsfestival

Wat stiet er it kommend jier op de planning?

Alderearst de publisiteitskampanje en fersprieding fan myn debút bondel. Ik wol ommers de rest fan Nederlân it goede nijs dat myn mem noch faam is net ûnthâlde. Ik bin wer dielnimmer fan in seizoen Poetry Circle yn Ljouwert, dus dat sil hooplik ek ta in soad ynspiraasje en moai nij wurk liede. It is even de fraach wêr ’t myn ynspiraasje my liedt. Miskien slagget it om in teäter- en komeedzjeshow te meitsjen fan myn bondel. Ek sil ik op ‘e nij besykje my te pleatsen foar it NK. Ik bin ek al dwaande mei myn folgjende bondel. Ik kin in tipke fan de wale opljochtsje: it giet oer macht.

Meie wy in gedicht fan dy publiseare en welke is dat dan?

Minne foarnimmens 

Mear disclaimers jaan. 
Mear prakkesearje, omdat lije by my altyd ta oplossingen liedt. 
Ik krij panykoanfallen fan alkohol, mar ik tink dat dat komt omdat ik net genôch alkohol drink. Dus mear alkohol drinke. 
Alle dagen fjoerwurk ôfstekke. 
Mear kofjedrinke. 
3 Oere moarns fan ’t bêd ôf, omdat Giel Beelen dat ek docht. 
Mear steatsgrepen op tou sette. 
Noch mear nijs lêze, want dêr wurd ik gelokkich fan. 
Klappe foar minne poëzy optredens om sa it fûnemint fan de maatskippij te ûnderminen. 
Ien kear deis ite, omdat in goeroe dat seit en Jack Dorsey fan Twitter dat ek docht. 
700 Jongfammen untfamje.
Steatsgrepen pleegje. 
It archetypyske fers oer de liuw skriuwe. 
De sjuery op it NK Poetry Slam diskwalifisearje, omdat se myn humor net begripe. 
In fers skriuwe dêr ’t in wrâldwide revolúsje troch útbrekt en it net oerlibje, wêrtroch ik noch ferneamder wurd.
Ferkearde waarfoarsizzingen dwaan. 
It kristendom foltôgje. 
In psygoaze krije dy ’t slagget. 
God wer ta libben wekke. 
Nachten trochhelje. 
Cola cherry drinke by it moarnsiten. 
Gedichten skriuwe dy ’t ik sels net begryp. 
Ofkoartingen betinke foar myn projekten, mar dan letter ferjitte wat de ôfkoartingen ek alwer betsjutten. 
Minsken serieus ûntspannen oansjen, omdat myn holle sa it lekkerst sit. 
Dennis Ruyer en de folsleine redaksje fan Radio 538 Dance Department yn gizeling nimme, omdat se my net de playlist ferskaffe wolle fan de show fan 1993 oant en mei 2021. 
It Juridysk loket belje mei de fraach oft de hiele wrâld feroverje wol legaal is. Serieus nommen wurde.

Andere berichten deze week

Hoofdpartner Arcadia