Arcadia is volop in beweging, ook tijdens de voorbereidingen voor Arcadia 2025. Meld je aan voor onze nieuwsbrief en blijf op de hoogte!

Dichters helje bak jild op foar Oekraïne

15 maart 2022
Dichters helje bak jild op foar Oekraïne

Snein 13 maart kamen dichters, skriuwers en muzikanten gear yn Ytkafee De Basuin yn Ljouwert foar in kulturele manifestaasje foar de frede en foarmen dêr in line-up mei koarte optredens. Ferskate learlingen fan kristlik Gymnasium Beyers Naudé diene ek mei.

De tagong wie fergees, mei in donaasje nei draachkrêft oan Giro555, de middei hat mear as tûzen euro opsmiten.

De gearkomste wie in inisjatyf fan dichterskollektyf RIXT, kultureel opinyblêd De Moanne en City of Literature Ljouwert. De foto’s binne fan Geart Tichelaar.

Andere berichten deze week

Hoofdpartner Arcadia