17 mei —
24 aug 2025

Pot jild foar Fryske skriuwerij

Hasto ôfrûne jier gedichten of koarte ferhalen skreaun, yn ús memmetaal? En bist der sels tefreden oer? Dan moast echt eefkes besykje de Rely Jorritsmapriis binnen te heljen. Dyn gedicht of ferhaal kin samar 1000 spikerhurde euro’s wurdich wêze. Rely…

15 februari 2022

Hasto ôfrûne jier gedichten of koarte ferhalen skreaun, yn ús memmetaal? En bist der sels tefreden oer? Dan moast echt eefkes besykje de Rely Jorritsmapriis binnen te heljen. Dyn gedicht of ferhaal kin samar 1000 spikerhurde euro’s wurdich wêze.

Rely Jorritsma (Jellum 1905 – Nimwegen 1952) hie yn syn testamint bepaald dat der alle jierren in priisfraach útskreaun wurde moat foar de bêste fiif gedichten en fiif ferhalen yn de Fryske taal. Al sûnt 1954 wurdt syn winsk útfierd. De stifting Rely Jorritsmafûns hat de organisaasje opdroegen oan de stifting  Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (FLMD).

 De ynstjoeringen moatte digitaal as bylage ferstjoerd wurde oan rely@stiftingflmd.frl Namme, adres en telefoannûmer fan de ynstjoerders moatte apart yn de e-mail fermeld wurde, mar bliuwe geheim foar de sjuery. Foar mear ynformaasje sjoch de webside www.stiftingflmd.frl

Set ‘m op allegearre!

Andere berichten deze week