17 mei —
24 aug 2025

Groot Sneek: Resinsje/fotoferslach: FrIIS Festival Aldegea jout waarm gefoel

ALDEGEA (SWF)- Fuortendaliks at wij it Aldegea oan’e Brek binnenkomme is der it gefoel fan jin wolkom fiele, ja ek foar lju fan bûten it doarp. Feeërieke ferljochting en it karakteristieke lûd fan sjongend iis fersterkje dat gefoel. Winter yn…

12 september 2022

ALDEGEA (SWF)- Fuortendaliks at wij it Aldegea oan’e Brek binnenkomme is der it gefoel fan jin wolkom fiele, ja ek foar lju fan bûten it doarp. Feeërieke ferljochting en it karakteristieke lûd fan sjongend iis fersterkje dat gefoel. Winter yn septimber!

Justerjûn waard it theatrale muzykspektakel ‘FrIIS’ op’e iisbaan fan Aldegea opfierd. IIS is it mienskipsprojekt fan Arcadia, alle projekten fan IIS binne makke troch en/of mei de mienskip en dat wie yn Aldegea sûndermis it gefal. It wurdt Mienskip is tefolle brûkt as kliko, mar de Aldegeasters makken it hielendaal wier, dy ‘saamhorigheid’. It hiele doarp stie op it oerdekte ( ‘we fertrouden it waar net hielendal, dat op it lêste momint ha we in mânske oerkapping regele…’) poadium of stie as públyk op it iisbaanterrein, midden yn it doarp.

Stean! Dus gjin tribunes, en foar wa’t net in hiele jûn stean koe wiene der dan noch in tal striepakken om op te sitten. In goeie kar, want it fersterke it gefoel sa’t it eartiids wie at minsken nei de iisbaan gongen, dan waard der fansels riden, mar nei in pear rûntsjes kloften de riders bij mekoar en waard der praten, iis makket âlde ferhalen los.

Lees het hele verslag van Henk van der Veer via Groot Sneek

Andere berichten deze week