Snekertrekweg 1
8912 AA Leeuwarden
058 303 0482

Yn 2018 wie Ljouwert-Fryslân kulturele haadstêd fan Europa. It jier fleach foarby! Wat fûnsto it alderleukst? Wysels tinke faak werom oan alle fantastyske projekten dy’t ûntstienen op Fryske grûn. Wat de measte yndruk op ús makke? De enoarme belutsenens dy’t de mienskip sjen liet. Dat ferbinende gefoel fan ‘tegearre’. Wy binne der grutsk op. Do ek?

Voor Nederlands klik hier

Arcadia

Yn de simmer van 2022, fan 7 maaie oant en mei 14 augustus, organisearje wy op ’e nij in sosjaal en kultureel evenemint yn Fryslân: Arcadia. Mei wer geweldige grutte én lytse projeken, dy’t elk op harren eigen wize bydrage oan in moaiere omjouwing of in bettere wrâld foar elkenien.

It programma fan Arcadia? Dat meitsje wy fansels tegearre. Mei tinkers, makkers, keunstners, en foaral: mei dy, as ynwenner fan Fryslân. Sûnder dyn of jim projekt is Arcadia gewoan net ôf.

Helje dyn redens figuerlik út it fet!

‘As it begjint te friezen, ûntteie de Friezen.’ En sa is it mar krekt! Sadree’t it friest, komme wy massaal yn aksje om derfoar te soargjen dat elkenien it iis op kin. Op redens, mei de slide, rinnende … De Fryske mienskip op har bêst!

Tagelyk binne de iisbanen ek in symboal wurden foar it feroarjende klimaat. En dat is wol efkes in stik minder. Sa is it yn 2022 alwer 25 jier lyn dat de Alvestêdetocht riden waard, en bliuwt de iisbaan winters hieltyd faker ticht.

Mar … mei IIS, ien fan de grutte projekten fan Arcadia, kinne de houtsjes of klapredens yn elts gefal figuerlik út it fet!

Fielsto dy, as yndividu of as fertsjintwurdiger fan in organisaasje, feriening, wyk of doarp, oansprutsen troch IIS? Fantastysk!

Wy noegje de Fryske mienskip – dy! – út om mei ideeën te kommen foar dyn stêd, doarp of wyk. Wêr tinkst do oan as iemand dei freget wat der better, moaier, oars kin? Wêr tinkst do oan by iis? En hokker rol spilet de iisbaan foar de mienskip? Wat wolsto meijaan oan de folgjende generaasjes? Grutte ideeën, lytse ideeën, wy binne benijd en hearre se graach!

Meld dy oan

Hast (allinich of mei oaren) al in plan of idee foar in projekt? Of bist / binne jim al begûn mei in inisjatyf dat oanslút by IIS? Meld dy dan gau by ús oan! Wa wit wurkesto of wurkje jim aanst tegearre mei ús dyn/jim plannen út as ‘hurdrider(s)’ fan Arcadia 2022.

Wolst meibouwe oan ‘it bêste lân fan d’ ierde’ en dy ferbine oan Arcadia, mar witst noch net krekt hoe? Of hast in fraach of opmerking? Meld dy dan as ’toerrider’ oan foar in IIS-petear. Dan giest tegearre mei oare toerriders en Arcadia yn petear yn ús online koek-en-zopie-tinte.

Bist aktyf yn in organisaasje, koöperaasje of feriening dy’t graach tegearre mei Arcadia de hannen út de mouwen stekt? Nim dan kontakt mei ús op fia info@iis.frl of 058-303 04 82.

It Prins Bernhard Cultuurfonds Fryslân is partner fan IIS

IIS is een co-productie van Arcadia en Keunstwurk