Lokaasjes: Museum Dr8888, Museum Belvédère, Museum Heerenveen, het Vlechtmuseum en Museum Opsterlân
Fiif musea yn Fryslân wurkje gear mei Tresoar om de skiednis fan it feanlânskip sichtber te meitsjen. Tresoar is it argyf foar Fryske literatuer yn Ljouwert.
Eksposysje Museum Dr8888 Yn gearwurking mei: Smelne’s Erfskip en lokale doarps- en buertferienings Iepening: 15 april
Yn de tentoanstelling Fan Plaggehut oant Papegaaiebuert yn Drachten reizgest troch de skiednis fan Drachten en Smellingerlân. It ûntstean en de foarming, fan plaggehutten oant de brûzjende jierren tweintich fan de foarige iuw.

Eksposysje Museum Heerenveen Iepening: 16 april
Yn Museum Heerenveen ûntdekst de link tusken de kultuerhistoaryske kolleksje en moderne keunst. It no en it ferline komme by elkoar yn it lânskip, de ekonomy en it mienskipslibben, wêryn’t wetter en ierde sintraal steane. Giest mei stream op, of der krekt tsjinyn.

Eksposysje Museum Opsterlân Iepening: 1 maaie
Museum Opsterlân fertelt oer feanûntginning yn Nij Beets, de opkommende arbeidersbewegings en it ferhaal fan de adel út Beetstersweach. Yn Stream op toant it museum âlde lânkaarten en atlassen út de skatkeamers fan Tresoar dy’t it feroarjende lânskip tusken 1700 en 1920 sjen litte.

Eksposysje Museum Belvédère Iepening: 7 maaie
Ofgroeven feanen waarden polders. Guon sompich, oaren geskikt foar lânbou. Foto’s en skilderijen ferbyldzje in feroare lânskip. Museum Belvédère presintearret keunst út de kolleksje dy ‘t assosjearret mei it lânskip tusken de leechfeanmoerassen: De Deelen en de rivier de Tsjonger.

It Nationaal Vlechtmuseum in Noardwâlde Iepening: 14 maaie
Yn de eardere Ryksreidflechtskoalle stiet de top 25 fan it Noardwâlder design. De eksposysje giet oer de posisjonearring fan de ûntwerpen. Smaken en wenningynrjochtings yn Nederlân en it bûtenlân feroarje. Wat docht dat mei de wurdearring foar de Noardwâlder designs?
