Arcadia is volop in beweging, ook tijdens de voorbereidingen voor Arcadia 2025. Meld je aan voor onze nieuwsbrief en blijf op de hoogte!

Sense of Place

Sense of Place makket it ûnsichtbere sichtber om it Waadgebiet hinne. De stadige, mar net te stuitsjen prosessen dy’t dei yn, dei út it Waad foarmje, de skjintme fan dit prachtige UNESCO Wrâlderfgoed en de hast fergetten skiednis derfan. De lânskipskeunst fertelt mei de bewenners fan dat lânskip it ferhaal fan it Noarden.

Lokaasje: Fryske Waadkust Data: iepenbiere keunst, it hiele jier troch iepen


De keunstwerken dy’t der al steane, krije yn it ramt fan Arcadia selskip fan trije nije ynstallaasjes: Terp fan de Takomst, Camera Batavia en De Streken.

Projekten


De Streken

Keunstner: Marc van Vliet Partner: Sense of Place Data: Oerol, juny 2022 Lokaasje: Perkweg, Oosterend, Skylge

De Streken fan byldzjend keunstner Marc van Vliet beweecht op it Skylger Waad troch de krêft fan de moanne. Troch eb en floed kin dit Skylger tijkeunstwurk, dat allinnich te berikken is fia in 150 meter lange rinbrêge, op twa totaal ferskillende wizen belibbe wurde. Wês dy der hjir eefkes hiel bewust fan hoe’t de planeet dêr ‘t wy op libje om syn as draait. As it eb is, is it in stil plak op it Waad en sjochst nei bûten. Mei floed stiest krekt midden op it wetter en sjochst nei binnen.

It keunstwurk wie al ris te sjen op Oerol Festival yn 2021. De natuer beslute doe om in dei earder ôf te brekken: in súdwesterstoarm en springtij skansearren it bouwurk. Dêr learden se fan en foar 2022 wurkje Oerol en Marc oan in nije ferzje dy ‘t stabyl genôch is om trije moannen lang de natuer wjerstean te kinnen. De iepening fan De Streken is yn juny, mei Oerol 2022 op it Waadeilân.

De Streken is in projekt fan Sense of Place, dat it gebiet by de Waadkust del nij libben ynblaast troch de unike kwaliteiten fan it gebiet sichtber te meitsjen. Mei bewenners en it lânskip fertelle se mei byldzjende keunst- en ûntwerpprojekten it ferhaal fan it Noarden. De skiednis fan it gebiet en bewenners, it lânskip én de takomst.

De Streken is in mienskiplik projekt fan Oerol Skylge, Sense of Place en de Provinsje Fryslân.


Terp fan de Takomst 

Artyste: Observatorium Lokaasje: Blije Data: fan 16 july 2022 ôf

Terpen binne wichtige ferskinings yn it Fryske lânskip. Se jouwe in byld fan ús skiednis, se roppe fragen op as it giet om archeology en se ynspirearje foar keunst, kultuer en takomstige ûntwikkelings. Al langere tiid dreame terpbewenners fan no oer de terp fan de takomst. In nije bûtendykse terp, om te ûnderwizen, te ûndersykjen, te histoarisearjen, om der nije en âlde sâltige teelten út te probearjen, konserten te jaan en der yn stilte te wêzen om de ferbylding sprekke te litten.

De keunstnersgroep Observatorium bestiet út Geert van de Camp, Andre Dekker, Lieven Poutsma en Ruud Reutelingsperger. Mei elkoar hawwe se ûnderfining mei byldzjende keunst, arsjitektuer, literatuer en ûnderwiis. Observatoarium belûkt yn har makproses de omwenners, dy’t de omjouwing kenne as gjin oar. It publike keunstwurk dat derút folget is in gastfrij oarde dat ferbylding stimulearret, refleksje op ‘e omjouwing biedt en in boustien foar mienskiplikens is. It doarp Blije wurket mei oan de bou fan dizze Terp fan de Takomst. Blije fielt him sterk ferbûn mei it Waad en reparearret op in duorsume wize de ferbining dy’t it mei de see hie. “Wy wolle wer mei it gesicht nei de Waadsee wenje, libje en wurkje.”

It ûntwerp fan Observatorium is bedoeld as ‘keunstwurk’ dat yn elke faze fan it groeiproses in belibbingsplak is foar bewenners en besikers. Terpen ‘groeiden’ fan smel (fiif meter) en leech (ien meter) nei breed en heech (oant wol tsien meter). Fan in terp mei ien hûs nei in lyts buorskip mei in tsjerke. De terp fan de takomst lit dy it proses fan steapelje, laach op laach, ûnderfine. Yn ‘e rin fan ‘e jierren groeit de terp stadichoan nei it dreamde einbyld.

Terp fan de Takomst is in projekt fan Sense of Place, dat it gebiet by de Waadkust del nij libben ynblaast troch de unike kwaliteiten fan it gebiet sichtber te meitsjen. Mei de bewenners en it lânskip fertelle se mei byldzjende keunst- en ûntwerpprojekten it ferhaal fan it Noarden. De skiednis fan it gebiet en bewenners, it lânskip én de takomst.

Foar mear ynformaasje, besykje de Sense of Place webside.

Súksesfolle gearwurking Dit projekt is in gearwurking fan de Vereniging Dorpsbelang Blije e.o. en de ynwenners fan Blije mei Sense of Place, It Fryske Gea en it kollektive Observatorium út Rotterdam. De realisaasje is mei mooglik makke troch de finansjele stipe fan it Waadfûns, it Mondriaanfûns, it Prins Bernhard Cultuurfonds/Fonds Laboratoria, it BPD Cultuurfonds, de Provinsje Fryslân en de gemeente Noardeast-Fryslân.

Hoofdpartner Arcadia