Arcadia is volop in beweging, ook tijdens de voorbereidingen voor Arcadia 2025. Meld je aan voor onze nieuwsbrief en blijf op de hoogte!

Keunstners

Keunstners

De tentoanstelling omfiemet wurk fan Marianna Simnett, Charles Avery, Diana Scherer, Erik van Lieshout, Augustas Serapinas, Isa van Lier, Jakob Kudsk Steensen, Kasper Bosmans, CATPC/Anathas Kindendie, Gregor Schneider, Louis Le Roy, Alicja Kwade, Alexandra Pirici en Em’kal Eyongakpa.

Charles Avery (1973, Skotlân)

The Hunter Returns

Soest Charles Avery sjen kinne as in soarte fan ûntdekkingsreizger. Al goed fyftjin jier wurket er oan syn projekt The Islanders, in fier úttochte fantasijwrâld om in fiktyf eilân en syn bewenners hinne. Mei tekenings, teksten, fideo, objekten en ynstallaasjes bringt er dit eilân yn kaart en mei elk folgjend wurk evoluearret it fierder. Avery neamt syn eilân ek wol “in gymseal foar de ferbylding”.

The Islanders is gjin utopy. It eilân hâldt ús op ferskate wizen in spegel foar, mei al ús brekken en eigenaardichheden. Sa is de einleaze filosofyske diskusje dy’t op it eilân geande is in humoristyske ferwizing nei de praktyk fan de filosofy, en is de relaasje fan it eilân mei har eardere oerhearsker Triangland te lêzen as in politike metafoar. Foar Paradys groeit The Islanders fierder. Yn Oranjewâld krijt it in eigen gebou dêr’t de besiker trochhinne dwale kin. Yn in mearkeseftige solotentoanstelling yn en om de wenning hinne, nimt Avery ús mei nei it Islanders-personaazje ‘The Hunter’, it leitmotiv fan syn alderearste boek.


Kasper Bosmans (1990, België)

Zugunruhe, 2022

Kasper Bosmans sjocht himsels as in skiednisnerd ûnder de keunstners. Hy wurket mei mûnlinge fertellings, folkskeunst en lokale ambachten en brûkt dy as basis foar ferhalende skilderingen dy’t los songen lykje te wêzen fan de tiid. Yn Bosmans syn wurk komme hieltyd in hiel soad ferhalen by elkoar. Dy fynt er bygelyks yn histoaryske argiven op it ynternet, mar hy ferdjippet him like maklik yn hagiografyen en kafeeroddels.

Troch ûnferwachte ferbannen te lizzen lit Bosmans sjen dat der in oanhâldende wikselwurking bestiet tusken it no en it ferline en ynterpretearret er de skiednis yn bredere sin. It wurk is hiel dúdlik hjoeddeisk, mar it grypt ek werom op alderhande skiednissen, wêrtroch’t er in eigen eksintrike, mar ek hiel poëtyske wrâld skept.

Foar Paradys makket Bosmans in monumintale moarmeren flierskulptuer dy’t te sjen is yn it iuwenâlde tsjerkje fan Ketlik, oan de râne fan it Oranjewâld. Bosmans ferdjippet him dêrfoar yn de wize wêrop’t trekfûgels har koers bepale: bart dat op grûn fan kennis of yntuysje? Hy lit him dêrby ynspirearje troch de klassiker The Wisdom of Birds fan Tim Birkhead oer û.o. bried- en migraasjegedrach en it byleauwe en de myten om fûgels hinne.


CATPC/Anathas Kindendie (1970, Congo)

Plantation Monoculture, 2022

Hoe giest om mei útbuiting, ûngelikensens en kolonialisme? De romrofte keunstner en filmmakker Renzo Martens makke fan dizze tematyk syn libbenswurk. Nei syn kontroversjele dokumintêres Episode I (2003) en Episode III: Enjoy Poverty (2008) waard er yn 2010 de artistyk lieder fan it Institute for Human Activities (IHA ). It IHA ûndersiket de relaasje tusken keunst en wrâldwide ekonomyske ûngelikens en rjochtet him spesifyk op de útbuiting op in palmoaljeplantaazje yn it Kongoleeske reinwâld. De plantaazje-arbeiders Djonga Bismar, Mathieu Kilapi Kasiama, Cedrick Tamasala, Mbuku Kimpala, Mananga Kibuila, Jérémie Mabiala, Emery Mohamba en Thomas Leba hawwe har feriene en foarmje mei ekolooch Rene Ngongo en de yn Kinshasa fêstige keunstners Michel Ekeba, Eléonore Hellio en Mega Mingiedi de organisaasje Cercle d’Art des Travailleurs de Plantation Congolaise (CATPC). CATPC waard yn 2014 oprjochte om nije ekonomyske inisjativen te ûntwikkeljen troch krityske keunst te produsearjen én te ferkeapjen, om sa de ekonomyske posysje fan har leden en har mienskippen te ferbetterjen. It IHA fan Martens draacht hjiroan by. De plantaazje-arbeiders meitsje selsportretten en in soad oare soarten skulptueren fan rivierklaai. Dy wurde mei help fan 3d-scanners digitalisearre. Dêrfan wurde mallen makke, wêrmei’t dêrnei yn Amsterdam bylden mei getten wurde yn de sûkelade dy’t op de plantaazjes ferboud wurdt, of freesd út tropysk Kongolees hurdhout. It idee hjirefter is dat de grutte skulptueren tentoansteld wurde en de lytsere selsportretten ferkocht wurde. Dit smyt foar de arbeiders 7000% (!) mear op as itjinge dat se gewoanwei foar de sûkelade krije soene. Mei dit jild keapje se it lân werom dat de ynternasjonale bedriuwen fan har ôfpakt hawwe.

Foar Paradys makket CATPC in grut byld fan in plantaazje-arbeidster dat presintearre wurdt op in sintrale lokaasje earne yn parklânskip Oranjewâld. It wurk foarmet in kritysk statement rjochting de skiednis fan Oranjewâld dêr’t de histoaryske oerhearsking fan de aadlike elite noch altyd yn sichtber is.

 


Jakob Kudsk Steensen (1987, Denemarken)

Re-Animated, 2018 – 2019

Jakob Kudsk Steensen wurdt wol in ‘digitale túnman’ neamd. Yn syn meislepende digitale en virtual reality-wurken herskept hy lânskippen en natuergebieten dy’t min te berikken binne, ferdwûn binne, of ûnder fjoer lizze. Mei krêftige en ferliedlike ynstallaasjes lit er de taskôger belibje hoe’t it fielt om yn sa’n ûnberikber lânskip rûn te rinnen – krekt as krijst tagong ta in ferlern paradys.

Dit bart ek yn Re-Animated, syn ynstallaasje foar Paradys. Dy draait om de Kaua’i ‘o’o, in fûgel dy’t libbe yn it tichte sompebosk fan it Hawaïaanske eilân Kaua’i en dy’t om 1987 hinne útstoarn is. De Kaua’i ‘o’o sprekt lykwols noch hieltyd ta de ferbylding troch syn pearingssang dy’t yn 1987 troch in biolooch fêstlein waard, en yn 2009 dêrnei op Youtube pleatst waard. Sûnt dy tiid harken der al mear as oardel miljoen minsken nei syn yn it moed taastende ‘swanne’sang – mei om ’t de rop fan de iensume fûgel stadichoan fuortstjert, as oft er syn hope om te pearjen, en te oerlibjen, opjout. Yn Re-animated jout Kudsk Steensen de Kaua’i ‘o’o in nij libben – miskien wol foar ivich.


Isa van Lier (1996, Nederlân)

Len tempel / Temple of Spring, 2022

Isa van Lier wol mei har kleurrike ynstallaasjes en keramyske skulptueren ‘in boarterstún kreëarje dêr’tst krekt as in bern de tiid yn ferjitst. Har wurk is ferliedlik, oansteklik en oerfloedich. Oft it no har oaljeferveskilderijen binne of in romtefoljende ynstallaasje mei keramyske skulptueren: alles wat se docht is werom te fieren op it ferkennen fan de grinzen tusken byld, idee en oantinken. Foar Paradys makket Isa van Lier in kleurrike keamer dy’t útnûget ta besinning.

It idee dêrfoar is werom te fieren op in ferbliuw yn Japan. De zentunen dêr, mei har rêstjaande ienfâld, dêr’t útsein wat stiennen en rotsen eins neat te sjen is, rôpen by har in bysûnder gefoel op fan ferstilling, rêst en konsintraasje. Sûnt dy tiid besiket Van Lier om dat tiidleaze gefoel op har eigen wize te op ‘e nij ta stân te bringen. Hoewol’t yn ús hjoeddeiske, jachtige libben – in wrâld fan oerfloed, snelheid en technology, mei supermerken fol einleaze rigen plestik ferpakte iterij yn alle foarmen en kleuren – sokke zentunen faak fier fuort fiele, lit Van Lier yn har wurk sjen dat dizze twa skynbere tsjinpoalen faaks dochs wol mei elkoar te ferbinen binne.


Erik van Lieshout (1968, Nederlân)

Bloemenwapen, 2022

Erik van Lieshout spilet yn syn films faak Erik van Lieshout. In ûntwapenjend earlike man, op it naïve ôf, dy ‘t hieltyd mei himsels en mei de wrâld yn ‘e knoop leit. Dêrby stoart er him altyd fol oerjefte yn wrâlden dy ‘t net dy fan him binne, om dêrnei as bûtensteander de boel op skerp te stellen. Hy siket minsken graach op, leafst minsken dy ‘t in bytsje oan de râne fan de mienskip steane: ferskoppelingen, minsken út achterstânswiken, ferslaafden, swalkers, of ekstreemrjochse – of krekt tige linkse minsken.

Yntusken siket Van Lieshout ek nei de wize wêrop’t keunst it bêste wurket. Hy wol konfrontearje en provosearje en it punt berikke dêr’t it mis gean kin, want dan stiet der wat op it spul. Troch him ornaris net oan te passen oan it algemien akseptearre gedrach fan syn omjouwing, ûntsteane der faak humoristyske situaasjes. Mar hy lokket ek reaksjes út as yrritaasje en ûnleauwigens. Dat makket syn wurk yntins en tige fielber.

Foar Paradys hat er besletten om te wurkjen oan in blommemozayk, in kleurrike blommesee. Sa’n mozayk is it ‘paradys’, de ‘skjintme’ yn it ekstreme, mar it wurk soe gjin Erik van Lieshout wêze as er hjir net in eigen draai oan jaan soe. Foar him is sa ’n mozayk nammentlik ek “toerisme op z’n lulligst” en ek op dy kant sil er de klam lizze. Van Lieshout sil in pear moanne yn Oranjewâld bivakkearje om it wurk spesjaal foar dit plak te ûntwikkeljen.


Alexandra Pirici (1982, Roemenië)

Building Blocks, 2022

Alexandra Pirici makket libbene skulptueren wêrmei’t se yngripe wol yn de maatskippij of yn sosjale omstannichheden. In soad fan har performances hawwe wat wei fan aktivistyske dieden. Har earste aksjes wiene protestaksjes tsjin de Roemeenske kultuerbesunigings, dêr’t se performers heroyske, soms kontroversjele stânbylden en monuminten yn de iepenbiere romten yn Boekarest foar imitearje liet. Pirici wurket dêrby mei tige groepen mei in soad ferskaat, fariearjend fan allinnich harsels oant lytse ensembles en grutte groepen fan mear as sechstich dûnsers. Ek by Paradys wurket se gear mei lokale sjongers en dûnsers fan in sa ferskaat mooglik plûmaazje. Dit docht se op in bysûnder plak yn Oranjewâld dêr’t al jierren besocht wurdt de besiker in nij perspektyf op libben, maatskippij en aktivisme te jaan.

28-29 mei, 18- 19 juni, 9 -10 juli, 30- 31 juli: 13.00 – 14.00 – 15.00 – 16.00 uur.

 


Diana Scherer (1979, Dútslân)

Harvest Recasted, 2022

Diana Scherer makket foar Paradys trije 2,5 meter hege jurken fan plantewoartels. De jurken ferbyldzje de trije krêftige stedhâldersfroulju dy’t it bûten Oranjewâld stichte en ûnderhâlden hawwe: Albertine Agnes van Nassau (1634 -1696 ), har skoandochter Henriëtte Amalia van Anhalt-Dessau (1666-1726) en har skoandochter Maria Louise van Hessen-Kassel (1688 -1765).

Scherer ûndersiket yn har wurk de minsklike langstme om de natuer te behearskjen. Se ûntwikkele in technyk dêr’t se woartelgroei mei nei har hân sette kin en in soarte fan tekstyl groeie litte kin, wêrby’t se de woartels foarmen en patroanen opleit. Sa kwetsber as de woartelweefsels fan Scherer binne, sa flymskerp ferbyldzje se ús dûbelsinnige hâlding foar de natuer oer. Wy sizze dy te hoedzjen en te noedzjen, mar tagelyk manipulearje wy har. De manipulaasje leveret by Scherer objekten op dy’t tear en taai tagelyk binne én dy’t ta neitinken stimme.

Neist de 2,5 meter hege jurken makke hja in tal skulptueren fan grutte gersrollen, dy’t binnenstbûten oprôle wurde, sadat it woartelstelsel dat de basis foarmet fan Scherers jurken, bleatlein wurdt. De ferwachting is dat dit wurk by Paradys stadichoan fergean sil.


Augustas Serapinas (1990, Litouwen)

House from Rūdninkai, 2022   

Augustas Serapinas grypt graach yn op de wize wêrop’t wy nei de wurklikheid sjogge. Troch subtile yngrepen te dwaan yn de besteande situaasjes bringt er de wrâld oan it wankeljen en lit er yn dyn holle alternative senario’s ûntstean.

Yn de hûndert dagen dat Paradys duorret steane in orizjinele njoggentjinde-iuwske Litouske sauna hinne.

Troch Serapinas syn ferfrjemdzjende yngrepen, dy’t wat hallusinearjends hawwe, tinkst nei oer dyn eigen byld fan it ferline. Falt it ferline ea te rekonstruearjen? Bestiet der sokssawat as in ‘kollektyf ferline’? Serapinas syn wurk is sa nostalgysk en konfrontearjend tagelyk.


Marianna Simnett (1986, it Feriene Keninkryk)

Return of the Herd, 2022

Marianna Simnett siket graach de grinzen op. Har films, ynstallaasjes, skulptueren en tekenings draaie om it (minsklik) lichem en de wize wêrop’tst dat transformearje of manipulearje kinst. Mei dy ‘lichems’, soms mutanten of hybriden, spilet se faak in libbensgefaarlik spul. Har haadpersoanen wurde oan medyske prosedueres ûnderwurpen, falle flau, ferstjerre of komme op ‘e nij ta libben. Op in romantyske, surrealistyske en soms komyske wize stelt Simnett sa alderhande meganismen om skjintme en kwetsberens hinne op skerp.

Foar Paradys makket Simnett in opfallende skulptuer, ynspirearre op de eardere plezierjacht en it hjoeddeiske deasjitten fan grutte mannichten damherten yn Oranjewâld. Mei help fan op gruttere skaal op ‘e nij útfierde bonken fan in damhert, set se it skelet op in hiel nije wize yn elkoar. It reuseftich mutearre wêzen dat sawol grouwélich, komysk as konfrontearjend wêze sil.


Em’kal Eyongakpa (1981, Kɛnyaŋ/Dɛnya)

Bɛfáp baka 21 rt/ barɔŋ tàndramot (mbaŋ), 2022

Em’kal Eyongakpa is in keunstner út Kamerûn, mei diploma’s yn biology, ekology en in residinsje oan de Rijksakademie Amsterdam, dêr’t er hjoedtedei wennet en wurket. Eyongakpa makke namme mei fysike lûdswurken dy’t in persoanlike en kollektive ûnderfining oproppe. Hy lit him ynspirearje troch ynlânske kennis, de relaasje tusken planten en minsken, tapaste mykology (de wize wêrop’t poddestuollen en skimmels groeie) en technology.

Foar Paradys makket er in lûdswurk dêr’t er earst lokale lûden foar opnimt, om dy dêrnei op in hiel nije wize, op in ûnferwachte plak, opnij wjer-klinke en wjer-fiele te litten. By Eyongakpa ûnderfynt de taskôger lûd, muzyk, net allinne fia de earen, mar ek, en seker sa wichtich, fia it lichem.


LOUIS LE ROY (NEDERLÂN, 1924 – 2012)

Yn de Ekokatedraal komme de kreativiteit fan de minsk en de krêft fan de natuer by elkoar. Mei stoepetegels, trottoirbannen en bakstiennen konstruearre Le Roy boartlike bouwurken dy’t stadichoan fergroeie mei de natuer. Se eagje as âlde ruïnes, mar se binne noch folop yn ûntwikkeling. Dat makket de Ekokatedraal in unyk plak dat útgroeie sil ta in tûzenjierrich libben systeem.

foto: Peter de Kan


ALICJA KWADE (1979, POALEN)

Alicja Kwade makket sintúchlike yllúzjes. Troch spegelbylden en refleksjes lit se in oare werklikheid fan itselde objekt sjen. Se bewurket deistige foarwerpen en materialen, in fyts, in doar of lampe ta nije foarmen. It resultaat eaget meastal ynbannich, mar mei in knypeach yn de ûndertoan. Foar Paradys lit se de parallelle realiteiten fan Oranjewâld sjen.

foto: Peter de Kan


GREGOR SCHNEIDER (1969, DUTSLAN)

Gregor Schneider lit ‘geheime hannelings’ útfiere yn it bosk. In man siket ôffal. In bern jout blommen fuort. In man laket nei foar him ûnbekende besikers. In âldere man triuwt in frou yn in rolstoel troch it bosk. In frou núnderet in liet – en sa noch folle mear.

Wat de hannelings gemien hawwe is dat se net in soad oandacht lûke en hast ferburgen bliuwe, en yn alle gefallen net as ‘performance’ bestimpele wurde moatte.

De hannelings fine tongersdei o/m snein plak tusken 12.00 en 13.00 oere, mar de besiker kin se folslein misse of deroer stroffelje sûnder se as keunstwurk te herkennen.

Schneider hopet dat it ‘geheime wurk’ in posityf effekt hawwe sil, sels as de plot ûnbemurken bliuwt. Sels seit er: “Wy witte net hoe’t saken wurkje. De wierheid is wat wy dogge.” Mei dit projekt hopet Gregor Schneider troch lytse ‘goede dieden’ de wrâld foar Paradys in bytsje moaier te meitsjen. Ek sjocht er it wurk as in útnûging oan de besikers om dizze hannelingen nei te folgjen.

Foto: Peter de Kan

Paradys wurdt mei mooglik makke troch Arriva. Arriva makket Arcadia en Paradys sa berikber mooglik foar elkenien troch duorsum ferfier oan te bieden. Mei har nije reisapp glimble biedt Arriva neist iepenbier ferfier ek dielferfier oan by ferskillende eveneminten, bygelyks yn de foarm fan dielfytsen.

Hoofdpartners Paradys

Partners Paradys