We werken nu aan het programma van Arcadia 2025. Blijf op de hoogte door je in te schrijven voor onze nieuwsbrief!

Paradys

Hûndert dagen lang binne de bosken fan Oranjewâld it dekôr fan in bysûndere keunsttentoanstelling: Paradys. Yn en om it eardere bûten, de foarstlike tunen en woeste natuerpracht ûntdekst it wurk fan renommearre keunstners. Wêr oars is byldzjende keunst sa op har plak as yn dizze bysûndere, mar ek troch de skiednis belêste omjouwing?

Arkadysk Oranjewâld

Paradys bringt bildende Kunst aus allen Ecken der Welt nach Oranjewoud, um diese Idylle herauszufordern. Kurator Hand den Hartog Jager lädt hochkarätige internationale Künstler:innen ein, um neue Werke zu erstellen, die von der Umgebung und der reichen Geschichte von Oranjewoud inspiriert sind. Alles ist möglich: von kritischem Kommentar auf die Außenwelt und die Machtfülle, die an diesem Ort entstanden ist, bis hin zu Versuchen, einen Ort wie Oranjewoud noch schöner, noch paradiesischer zu machen.

De tentoanstelling omfiemet nij wurk fan Marianna Simnett, Diana Scherer, Erik van Lieshout, Augustas Serapinas, Isa van Lier, Jakob Kudsk Steensen, Kasper Bosmans, CATPC/Athanas Kindendie, Alicja Kwade, Gregor Schneider, Louis Le Roy, Charles Avery, Alexandra Pirici en Em’kal Eyongakpa.

Arkadisch Oranjewoud

Oranjewâld is in klassike idylle, ea oanlein troch de Fryske Nassaus. In soarchfâldich en fernimstich lustoard en in útfloeisel fan it idee dat natuer te beteugeljen is en it paradys makber is. Krekt omdat Oranjewâld gjin neutraal plak is, biedt it keunstners by útstek de gelegenheid de wrâld op te stowen, te befreegjen en op te skodzjen. Guon keunstwurken yn Paradys fersterkje de skjintme en it oandwaanlike, oare foarsjogge de omkriten fan in kontekst of in skiednis. Wer oare wurken freegje har ôf wêr’t dit allegearre weikomt. Dêrmei giet Paradys ek oer grutte, aktuele fragen. Is it hjoedtedei noch mooglik om in ideale wrâld te skeppen? Foar wa is dy wrâld dan ornearre? En benammen: hoe sjocht dy wrâld der út?

Lokaasjes

Paradys fynt plak yn en om it parklânskip Oranjewoud hinne tichtby It Hearrenfean. De bosken en bûtenpleatsen om Hotel Tjaarda hinne foarmje it hert; oan de flanken lizze doarpen as De Knipe en Ketlik. De keunstwurken steane op allerhande plakken, ferspraat oer dit gebiet. De tentoanstelling fynt sawol bûten as binnen plak, ôfhinklik fan it soarte wurk.

Paradys wurdt mei mooglik makke troch Arriva. Arriva makket Arcadia en Paradys sa berikber mooglik foar elkenien troch duorsum ferfier oan te bieden. Mei har nije reisapp glimble biedt Arriva neist iepenbier ferfier ek dielferfier oan by ferskillende eveneminten, bygelyks yn de foarm fan dielfytsen.

Hoofdpartners Paradys

Partners Paradys