Mei de hûndert dagen fan Arcadia is der in brede karút palet oan aktiviteiten, rjochte op ferskate groepen ynwenners dy’t har wol ris allinne fiele. Kultuer is de oanlieding om it bewustwêzen om iensumens hinne te fergrutsjen en minsken út te nûgjen om út har isolemint te kommen. Mear minsken, mear kreative makkers en mear organisaasjes lûke mei elkoar op om de syklus fan iensumens te trochbrekken, te learen en te kreëarjen. Set dyn earste stap oer de drompel en besjoch de njoggen kulturele projekten.
