Arcadia is volop in beweging, ook tijdens de voorbereidingen voor Arcadia 2025. Meld je aan voor onze nieuwsbrief en blijf op de hoogte!

Gaia

Gaia

In ferljochte bol fan sân meter trochsneed lit dy de ierde sjen lykas dy fan de moanne ôf sichtber is. Gaia is in rûnreizgjend keunstwurk fan de Britske keunstner Luke Jerram. Yn de Grykske mytology is Gaia de personifikaasje fan Mem Ierde.

Makker: Luke Jerram Lokaasjes en data: sjoch aginda


It keunstwurk jout it publyk de mooglikheid om ús eigen planeet te besjen lykas de bemanning fan de Apollo 17 har seach, yn 1972. De ynstallaasje jout it publyk it gefoel dat astronauten hawwe wannear’t sy nei de ierde sjogge. Dy ûnderfining jout har in gefoel fan ûntsach, in djip besef fan de ûnderlinge ferbûnens mei it libben op ierde. En dêrmei ús dielde ferantwurdlikens om goed foar de ierde en har klimaat te soargjen.

“I hope visitors to Gaia get to see the Earth as if from space; an incredibly beautiful and precious place. An ecosystem we urgently need to look after – our only home.” Luke Jerram

Jerram created the globe to scale, namely 1.8 million times smaller than the real Earth. By standing 211 metres away from it, you will be able to see the Earth as it appears from the Moon.

Gaia is mei Arcadia op op ferskillende plakken yn de provinsje te sjen, sawol op binnen- as bûtenlokaasjes. Gaia is inisjearre en produsearre troch Sense of Place.

Hoofdpartner Arcadia