DRAAI MEI YN BOSK
Bisto út it goede hout snien?
Meld dy hjir oan om diel te nimmen oan Bosk. Fan moandei- oant en mei freedtemiddei kinst oan ‘e slach en ek op tiisdei- en tongersdeitejûn fan 19.00 oant 21.00 oere. Hoechst net de hiele middei beskikber te wêzen, ek foar twa of trije oerkes bist fan herten wolkom.
Meldst dy oan as dielnimmer om de beammen te ferpleatsen. Ek sykje wy ferkearsregelers (7 dagen yn ‘e wike ), captains (trochdewykse dagen, min. 5 x) en frijwilligers foar de ynfokarren (by foarkar 7 dagen yn ‘e wike ). Meld dy hjirfoar (ek) oan, folje dat yn by fraach 5.
BEDRIUWEN EN BOSK
Bewust dwaande wêze mei de natuer, aktyf gearwurkje yn de bûtenloft en gesellich by elkoar komme mei dyn kollega’s. Dat klinkt as in goed teamútstapke dochs? Mei dyn ôfdieling, team of hiele organisaasje, kinsto meihelpe oan it yn beweging krijen fan Bosk. Troch in deidiel mei te draaien yn it kuierjende bosk, leverje jim in enoarme bydrage oan dit griene projekt. Dêrneist is de dielname oan Bosk in wolkomme ôfwikseling yn de wurkwike.
Wolsto mei dyn bedriuw bydrage oan Bosk, of hast noch fragen oer mienskiplike dielname of Bosk-arranzjeminten? Mail dan nei deelnemers@bosk.frl.

GRAND BOIS OP WTTV EN OEROL MEI PERFORMERS UT FRYSLAN
Grand Bois draait om de muzyk fan Haïtiaanse voodoorituelen: elke muzikant heart in audiotrack fia koptelefoan of in-ears, en spilet dêr oerhinne om mei elkoar ta in polyritmysk masterwurk te kommen. Soks yn gearwurking mei ferskate perkusjonisten en performers út Fryslân. Hoe sjocht dat derút? Klik hjirûnder foar mear ynformaasje!
BOSKLAB
In wichtich ûnderdiel fan it program om Bosk hinne, is it BoskLab. Wy freegje keunstners fan ferskate keunstdissiplines om mei de hûndert dagen nij wurk te meitsjen en dêrmei te reflektearjen op Bosk. Mei hjirtroch binne de hûndert dagen in aktive syktocht nei antwurden op de sintrale fraach fan Bosk: wat leare wy fan beammen? Mear lêze oer BoskLab en de keunstners? Klik hjirûnder.

Bosk wurdt mei mooglik makke troch GroenLeven. GroenLeven is merklieder yn fernijbere enerzjy en wurket gear mei oerheden, netbehearders, bedriuwen, ûnderwiis, ynwenners en ynnovative ûndernimmers om duorsume enerzjyboarnen te kreëarjen.