Arcadia is volop in beweging, ook tijdens de voorbereidingen voor Arcadia 2025. Meld je aan voor onze nieuwsbrief en blijf op de hoogte!

FAQ

FAQ

  • Wat betsjut Bosk foar it ferkear?

Bosk is fan ynvloed op de ferkearssituaasje yn de stêd. Dat is per lokaasje ferskillend. De strjitten en pleinen dêr’t it bosk stiet binne ôfsletten foar fyts-, brom- en autoferkear. Foar elke lokaasje sille dêrom ek ferkearsomliedings foar autoferkear fan krêft wêze. Omdat de beammen fasearre pleatst wurde kin de ferkearssituaasje per dei ferskille. Útsoarte sille wy hinder ta in minimum beheine.

  • Kin ik mei de auto by myn hûs komme?

As jo hûs yn in strjitte of oan in plein leit dêr’t it bosk inkele dagen stiet, kinne jo yn dy perioade net mei de auto oant de doar ta by jo hûs komme.

  • Kin ik myn auto noch parkeare?

Yn de gebieten fan de binnenstêd dêr’t as gefolch fan de oanwêzigens fan Bosk foar in koarte perioade net parkeard wurde kin troch fergunning- en abonneminthâlders, wurdt foar har in alternative lokaasje oanbean. Neiere ynformaasje folget noch en is begjin april ek te finen op de webside fan de gemeente.

  • Kin ik as fergunning- en abonneminthâlder kosten deklarearje om earne oars te parkearen?

As jo earne oars parkearre moatte mei de dagen dat Bosk yn jo strjitte stiet en jo moatte dêrfoar kosten meitsje, dan kinne jo dy deklarearje. Dat dogge jo troch in deklaraasje te mailen nei:

LF2018-2028 t.a.v. Bosk Snekertrekwei 1 8912 AA Ljouwert info@bosk.frl

Jo kinne dit deklaraasjeformulier brûke. Kinne jo it formulier net dellade of beskikke jo net oer mail? Nim dan kontakt op mei de organisaasje fia 06-14480512.

  • Kin ik mei de fyts of rinnend by myn hûs komme?

Jo hûs is altyd rinnend berikber. Yn ferbân mei de feiligens fersykje wy jo om mei de fyts oan de hân troch it bosk te rinnen.

  • Kinne de helptsjinsten troch it bosk?

Troch it bosk rint altyd in berikberensrûte sadat de helptsjinsten by kalamiteiten altyd troch it bosk ride kinne.

  • Kinne minsken mei rollators en berneweinen troch it bosk?

De romte tusken de ferskillende beammen is altyd rom genôch om der maklik mei berneweinen, rollators of rolstuollen trochhinne te riden.

  • Ik haw soarch nedich, bin ik noch berikber?

Útsoarte bliuwe jo berikber foar soarchtsjinsten. De ferkearsregelers sille neist de helptsjinsten ek altyd soarchtsjinsten, húsartsen of sikeferfier trochlitte oer de berikberensrûte. Wy stelle it op priis as jo ús yn it foar op ‘e hichte stelle fan plande besite of ferfier. Dan kinne wy de ferkearsregelers goed ynstruearje. Wy sille der ferskillende soarchtsjinsten hjir ek fan op de hichte stelle. Wy binne te berikken op 06-14480512 of fia de mail: info@bosk.frl.

Hoe kin ik yn de perioade foar 2 maaie yn kontakt komme mei de organisaasje fan Bosk?

Foar 2 maaie binne wy per mail te berikken op info@bosk.frl.

  • Wa kin ik belje of maile by fragen en kalamiteiten yn de 100 dagen?

Mei de útfier fan 2 maaie oant en mei 14 augustus binne wy alle dagen fan de wike 24 oeren berikber op mobyl nûmer 06-14480512. In berjocht stjoere fia Whatsapp (appe) is ek mooglik. Dit mobile nûmer wurdt beheard troch ferskate produksjemeiwurkers fan Bosk. Jo kinne ek maile nei info@bosk.frl.

  • Is der befeiliging?

Der is net altyd befeiliging yn it bosk oanwêzich. Allinne op de ferwachte drokke mominten oerdeis hâlde befeiligers in eachje yn it seil. Op freed- en sneontenacht is der nachtbefeiliging oanwêzich yn it bosk.

  • Hoe is het busferkear regele?

Busferkear giet gewoan troch. Wol binne der yn bepaalde perioades inkele omliedings nedich. Hjir folget in oersjoch fan de oanbelangjende linen op de websiden www.bosk.frl en www.leeuwarden.nl/bosk.

  • Binne der húskes yn it bosk oanwêzich?

Op elke bosklokaasje is der in húskefoarsjenning oanwêzich ynklusyf in húske foar minder faliden. Dy wurde fia beweiwizering oanjûn. Yn de binnenstêd fan Ljouwert binne der in oantal iepenbiere húskes. Dêrneist binne der in soad gastfrije hoarekasaken yn en om de rûte fan Bosk hinne te finen.

  • Wat bart der fierder noch yn it bosk?

Op bepaalde dagen fynt der in program yn it bosk plak, dêrûnder in berneprogram, audiotours, poadiumkeunsten, ensfh. In folslein oersjoch finen jo hjir.

Yn it bosk hingje lytse ringfoarmige lampkes dy’t in feeërike sfear oan it bosk jouwe. Der binne ek bosklûden lykas it ritseljen fan blêden, fluitsjen fan fûgeltsjes, ensfh.

De ringfoarmige lampkes baarne fan sinne-ûndergong oant maksimaal 02.00 oere nachts troch de wike en yn it wykein oant maksimaal 03.00 oere. It lûd is te hearren fan 09.00 oant 00.00 troch de wike en oant 01.00 yn it wykein. Dit lûd is fergelykber mei normale strjittelûden.

  • Wa hâldt it bosk skjin?

Útsoarte hoopje wy dat de besikers fan Bosk bewust mei ôffal omgeane. De organisaasje soarget derfoar dat jo strjitte en/of plein skjin hâlden en skjin oplevere wurdt as Bosk wer ôfsetten is.

  • Hoe tagonklik is Bosk?

By it pleatsen fan de beambakken hâlde wy de Bij het plaatsen van de boombakken houden we de rûtes foar blinen frij. Op de lokaasjes dêr’t gjin rûtes foar blinen binne, streane wol ferskate beambakken. As jo as bline, of persoan mei minder sicht, in fêste rûte troch de stêd hawwe, dan moatte jo, dêr wêr’t Bosk stiet, rekken hâlde mei de beambakken of faaks in alternative rûte nimme. De beambakken steane sa opsteld dat der mei bygelyks in rolstoel of in rollator tuskentroch rûn wurde kin, al is it al in bytsje slingerjend.

  • Finstertiden en lade en losse

Mei Bosk wurde oanpaste finstertiden hantearre foar it laden en lossen: 07:30 – 11:00 oere. De eintiid is in oere betider as gewoanwei. De reden dêrfoar is dat wy tusken 11:00 en 12:00 oere skoalbern ûntfange yn it bosk.

Oeral dêr’t it bosk stiet kin binnen de boppeneamde tiden befoarrieding plak fine oer de berikberensrûte troch it bosk. Dat jildt ek foar de strjitten dêr’t normaliter gjin finstertiden binne.

Bosk wurdt mei mooglik makke troch GroenLeven. GroenLeven is merklieder yn fernijbere enerzjy en wurket gear mei oerheden, netbehearders, bedriuwen, ûnderwiis, ynwenners en ynnovative ûndernimmers om duorsume enerzjyboarnen te kreëarjen.

Hoofdpartners Bosk

Partners Bosk