Lokaasje: Ljouwert – Binnenstêd Data: 7 maaie oant en mei 14 augustus 2022
Bosk is trouwens mear as in yndrukwekkende, bewegende keunstynstallaasje. It is in keunstprojekt dat mei in grôtfol programma fan foarstellings en eksposysjes de oandacht fêstiget op de needsaak om oars nei de relaasje tusken minske en natuer te sjen. Fan in simmerskoalle foar Ljouwerter wiken, in Bosk-sjoernaal foar basisskoallebern en in Flústertún fol ynspiraasje, oant in spetterjende perkusjeshow en dûnsfoarstellings dy’t dy fan ‘e sokken blaze.
Sa makket Bosk 100 dagen lang plak foar elkenien om tiid te nimmen foar petearen, keunst en ideeën. Nei hûndert dagen sil it kuierjende bosk it sintrum fan Ljouwert ferlitte. De beammen geane dan op wei nei har einbestimming. Ferspraat oer de stêd en yn de omkriten fan Ljouwert fine se farske ierde om woartel te sjitten en te weitsjen oer generaasjes dy ‘t noch komme.
In kuierjend bosk
De pleinen binne de iepen plakken yn it bosk, dy’t glâns krije troch kulturele aktiviteiten dy’t it ferhaal fan de kuierjende bosk fersterkje. Njonken it opsetten fan in kultureel, edukatyf en ferdjipjend programma is Bosk ek oanjager fan aldergearre griene inisjativen yn it sintrum en de bûtenwiken fan Ljouwert, en yn de provinsje Fryslân. Dit autonome keunstwurk is inisjearre troch Joop Mulder (Sense of Place), dy’t begjin 2021 ferstoar, en betocht troch Bruno Doedens (SLeM) yn nauwe gearwurking mei Arcadia.
Route
Bosk folget in rûte fan sa’n 3,5 kilometer troch de binnenstêd fan Ljouwert en beweecht him fan lokaasje nei lokaasje. Bosk ferpleatst him fasearre op troch-de-wykse dagen, wêrtroch’t it bosk op it iene plak ôfnimt en op it folgjende plak groeit. Dizze mominten binne yn de rûtekaart meinaam. De data binne ûnder foarbehâld.

Program
Bosk fertelt in ferhaal dat ferbynt, betsjoent, de blik ferrommet, mar dat ek werkenber is. Minske en natuer hawwe baat by it op ‘e nij skriuwen fan it ferhaal fan de ierde. Dêrom kin elkenien oanheakje by Bosk en nûget it projekt dy út om mei te tinken en mei te dwaan. Mei dielnimmers, wiken, doarpen, ferienings, ûndernimmers en organisaasjes stribbet Bosk nei in grienere takomst troch it plantsjen fan in hiel soad beammen. Sa krije de beammen en de tûzenen siedlingen fan de kuierjende bosk nei 14 augustus allegearre in permanint plak yn de gemeente Ljouwert. De ynhâld fan de programmalinen wurdt bekend makke by de programmapresintaasje fan Arcadia.
FAQ
Wy hawwe de faak stelde fragen foar jo sammele. Jo sille se hjir fine.

Bosk wurdt mei mooglik makke troch GroenLeven. GroenLeven is merklieder yn fernijbere enerzjy en wurket gear mei oerheden, netbehearders, bedriuwen, ûnderwiis, ynwenners en ynnovative ûndernimmers om duorsume enerzjyboarnen te kreëarjen.