Missy
As Stichting Ljouwert-Fryslân 2028 leauwe wy yn in sterk Fryslân, dat bydraacht oan in krêftige Europeeske mienskip. Wy sette keunst en kultuer yn om Fryslân yn hiel Europa op de kaart te setten en om ús moaie provinsje noch moaier, earliker en duorsumer te meitsjen. Mei ús programma’s stimulearje wy minsken en organisaasjes om gear te wurkjen, yn en bûten har eigen mienskippen. Sa bliuwt Fryslân in noflike provinsje om yn te wenjen en drage wy by oan in grutter gefoel fan wolwêzen én oan mear wolfeart. En dêr hawwe alle Friezen baat by.
Fisy
Yn it folksliet sjonge de Friezen fan it ‘bêste lân fan d’ierde’. Út dy grutskens wei wolle wy goed foar ús provinsje soargje. Dêrom sette wy mei ús kulturele program Friezen en net-Friezen oan ta tinken: ‘hoe kinne wy goede foarâlders wêze foar de generaasjes nei ús?’ Mei de mienskip betinke keunstners en kultuermakkers projekten dy’t útnûgje om nei te tinken oer dizze fraach. Om alternativen te betinken foar de takomst en om in moaie wrâld efter te litten foar ús bern.
De basis dy’t troch Kulturele Haadstêd lein waard, wurdt sa fuortsterke. De ûnderfinings, netwurken en projekten dy’t dêrút ûntstien binne, brûke wy no om Fryslân sterk en duorsum te hâlden. Dat dogge wy mei de mienskip, mei keunstners en kultuermakkers. Sa kreëarje wy net allinne in bloeiend Fryslân, wêryn’t elkenien him sjoen en belutsen fielt, mar binne wy ek in foarbyld foar lanlike gebieten yn Europa.