Arcadia is volop in beweging, ook tijdens de voorbereidingen voor Arcadia 2025. Meld je aan voor onze nieuwsbrief en blijf op de hoogte!

Dit is Arcadia

Arcadia is in 100 dagen duorjend kultureel programma dat him ôfspilet yn de provinsje Fryslân. It is makke troch Nederlânske en ynternasjonale keunstners. Fan 6 maaie oant en mei 14 augustus 2022 prikkelje wy dyn sinnen mei teäter, dûns, sang, fotografy, lêzings, diskusjes, kuiers, byldzjende keunst, literatuer en poëzy. Arcadia komt elke trije jier werom mei in kultureel programma, wêrmei’t wy dy útdaagje om mei ús nei te tinken oer de takomst fan ús mienskip, ús lânskip en erfgoed.

WÊROM?

De frase it bêste lân fan d’ierde (it bêste lân fan de wrâld) út it Fryske folksliet foarme ynspiraasje foar it ûntstean fan Arcadia. Wy doarre dêr in útropteken én in fraachteken efter te setten. De wrâld is nammentlik feroare, lykas it klimaat en de wize wêrop’t minsken mei elkoar omgeane. Ut ús moaie provinsje wei stelle wy fia keunst en kultuer fragen dy’t gean oer foarâlderskip: ‘Hoe sjocht de wrâld derút dêr’tst yn libje wolst? Wat wolst neilitte oan dyn bern en bernsbern?’ Wy leauwe dat wy mei elkoar soargje kinne foar in moaie(re) wrâld. En keunst stipet ús dêrby: om mei elkoar te praten, om te learen fan elkoar en om mei elkoar de skouders derûnder te setten.

HOE?

Yn de simmer fan 2022 biede wy hûndert dagen lang in poadium oan makkers en doggers dy’t de wrâld feroarje wolle. Mei in kuierjend bosk yn stedske strjitten, drama’s op de Fryske kliffen, keunstwurken yn it park, dûnsers yn ferlitten loadsen en muzyk op it Waad. Somtiden gruts en meislepend, soms lyts en yntym. Faak fergees, út en troch betelle. Foar de hiele húshâlding, of krekt in belibbing foar dy allinnne.

Hoofdpartner Arcadia