Arcadia is volop in beweging, ook tijdens de voorbereidingen voor Arcadia 2025. Meld je aan voor onze nieuwsbrief en blijf op de hoogte!

15 juny o/m 19 juny Koehool

De Oergong

Fanfarekorps De Bazuin yn gearwurking mei Eric Vloeimans en Sytze Pruiksma

Muzykkeunstner Sytze Pruiksma en ymprovisearjend trompettist Eric Vloeimans spylje mei fanfarekorps De Bazuin út Tsjummearum De Oergong in midsimmerwaadkonsert bûtendyks by Koehoal fan 16 oant en mei 19 juny 2022.

Wêr

Sedijk 12
8851 RM Koehool
Plan je route

Wannear

Prizen

  • €29,50

De Oergong is in midsimmerwaadkonsert fan fanfarekorps De Bazuin. It korps nûge muzykkeunstner Sytze Pruiksma út om in stik te komponearjen dat sy mei trompettist Eric Vloeimans midden op it Waad hearre litte sille. De fûgels, de weagen, de geuren, de wyn en ek de stilte wurde ien mei it muzykstik.

Foar de leden fan it fanfarekorps is dit plak wichtich: jo komme der om út te waaien, om nei te tinken of om fertriet te ferwurkjen, en benammen om te genietsjen fan de ûnmjitlike skjintme fan it Waad. Spesjaal foar dit plak, ûnderdiel fan it UNESCO Wrâlderfgoed de Waadsee, skreau Sytze Pruiksma it muzykstik Images of a Sea, dat mei De Oergong in oare foarm fan in fanfarekonsert hearre lit.

It konsert boartet mei it ritme fan de tiid: yn maatsoarten en klankkleuren. Mei op de eftergrûn it spul fan sinne en moanne dy’t it Waad beynfloedzje. Fielst it wikseljen fan de seizoenen, it kommen en gean fan eb en floed. De oergong fan sâlt nei swiet, fan waarmte nei kjeld, fan dea nei nij libben. It oangean, ferbinen en loslitten.

Voorproefje

De Oergong
CMV De Bazuin Tsjummearum