We werken nu aan het programma van Arcadia 2025. Blijf op de hoogte door je in te schrijven voor onze nieuwsbrief!

Geannuleerd: Fergees nei de premjêre fan lieteprojekt Tiidmasine!

15 december 2022
Geannuleerd: Fergees nei de premjêre fan lieteprojekt Tiidmasine!

Let op: de albumpresentatie in muziekcafé Scooters op 20 december 2022 is wegens omstandigheden helaas geannuleerd.

Op 20 desimber giet Tiidmasine yn premjêre yn Muzykkafé Scooters yn Ljouwert en dêrby is elkenien wolkom, de tagong is fergees en it begjint om acht oere jûns.

TIIDMASINE siket ferhalen fan of oer Friezen út it ferline. Yn dit muzykprojekt wolle wy elkenien nijsgjirrich meitsje nei Fryske skiednis. Dat dogge se troch persoanlike ferhalen te bringen oer de gewoane man en frou yn dy skiednis, ferpakt yn tagonklike muzyk yn it Frysk. 

Sa kinne minsken troch wat âlds, tagelyk wat nijs ûntdekke en troch wat nijs tagelyk wat âlds. 

By de drok besochte edysje fan IepenUP Live ‘Wâldpiken vs klaaikluten’ brainstormen dielnimmers yn in kenniskwis oer it Frysk. De fraach yn de kwis hoe’t we mear te witten komme kinne oer ús eigen skiednis, wie oanlieding foar Tiidmasine. Want safolle as wy leare oer de Nederlânske en de wrâldskiednis, sa’n bytsje witte de measte ynwenners fan Fryslân oer it ferline fan harren eigen provinsje.

Mei tekstdichters en muzikanten  út hiel Fryslân makke Jeroen Seinstra (û.o. Gitarist en komponist by de Hûnekop) en syn band in album mei 10 lieten oer ferskillende perioades út de Fryske skiednis, guon bekend, oaren wer in stik minder

Op de feestlike albumpresintaazje lit de band alle ferskes hearre en kinst yn de kunde komme mei de muzyk, de ferhalen en de fertolkers. En dat hielendal fergees.

Oant no ta binne der twa singles út, dus set it folume op 11 en genietsje mar:

TIIDMASINE – Terpelân

TIIDMASINE – De Sinne en de Nacht

Andere berichten deze week

Hoofdpartners Arcadia